-44- Met de besteding van het resterende bedrag van 2.600/heeft haar fractie geen probleem. Mefrou De Boer seit dat har fraksje ynstimme kin mei it útstel. It ferfiersprojekt is in goed plan. Meardere groepen kinne der gebrûk fan meitsje. Ek is it hiel wichtich foar de deifersoarging yn Leppehiem en Nij Friesmahiem. It is wol frjemd dat W.V.C. mei it bedriuwslibben in koarting fan 2.000/it plak ôfakkoardet. It giet dan om sawol de profit- as de nonprofitsektor. No wurdt dit de gemeente oplein wylst dy der gjin jild foar hat. Har fraksje kin dêrom wol mei it útstel oangeande de berne- opfang ynstimme. Mefrou Santama fynt it ferfiersprojekt in tige posityf plan. Yn'e lytse kearnen en yn ferbân mei doarpsfernijing is der al faak oer praten. Se fynt dat de ferbinings net allinne nei Grou en Akkrum geane moatte mar it moat foar alle doarpen jilde. Foarwurk hat wol it foartou nommen ta dit projekt mar dat hoecht noch net te sizzen dat dy ek it measte gebrûk meitsje moat fan it projekt. Just de alderen hawwe grut ferlet fan dizze ekstra ferbining. Dat wy no 30.000,jaan moatte soene oan'e berne-opfang is it gefolch fan wat ús troch it ryk oplein is. Har fraksje kin wol ynstimme mei it útstel om dizze 30.000,út'e sosjale fernijing oan'e berne-opfang te jaan. De hear Van der Baan hat him der oer fernuvere dat hjir samar 60.000,lizzen bliuwt. Op oanstean fan'e gemeente is der in fûns foarme troch De earme kant fan Boarnsterhim omt de sosjale tsjinst stelde dat it jild dat der beskikber wie foar de krepeargefallen net foldwaande wie. Benammen ek de tsjerken moasten in soad jild yn dat fûns stekke. In 28 diakonieën hawwe meielkoar 6.500,7.000,byelkoar krigen. Hy freget him of oft no dit jild foar bysûndere bystân wol goed bestege wurdt. Hy tinkt dat de wethalder datoangeande hiel wat út te lizzen hat en har sa gau mooglik yn ferbining stelle moat mei De earme kant om alles dúdlik út te lizzen. Hy freget him echt of oft it jild net brükt wurde kin foar de krepeargefallen dêr't it yn't foarste plak foar bedoeld is. Wie it echt net mooglik nochris de kaartenbak bylans te gean om te sjen wêr't help hiel nedich is. Is it ek net mooglik it jild oan it fûns fan De earme kant fan Boarnsterhim te jaan? Hy hat fernommen dat de bus fan it ferfiersprojekt der al is en as dat echt sa is dan freget hy him of hoe't dat no kin. Hy kriget dan de yndruk dat it jild ek net sa needsaaklik is foar it ferfiersprojekt. Mei de 30.000,foar de berne-opfang giet hy net akkoart. Hy fynt dat de saak suver steld wurde moat. Berne-opfang en sosjale fernijing it liket allegear prachtich, mar it rint net sa bést mei de berne-opfang, der is minimale belangstelling. It útstel fan it C.D.A. is him folie leaver en dat sil hy dan ek stypje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 48