GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de openbare vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 17 december 1991 om 10.00 uur in het gemeentehuis te Grou. Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder), K. van den Berg-Wiersma, A.I. Bloem (wethouder), T. de Boer, R. Santema-Jansma en S. Zijlstra en de heren J.A. van der Baan, J. Bethlehem, A. Breeuwsma, G. Bouma, S. Bouma, Y. Dotinga, A. Nieuwdam (wethouder), A.P. Oosterhof, P.M. Renia en H. Veldstra. Afwezig: mevrouw L. Veldstra-Lantinga. Voorzitter: de heer B.G. Holtrop. Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs. De voorzitter opent de vergadering en heet allen hartelijk welkom. Hij deelt mee dat bericht van verhindering is binnengekomen van mevrouw Veldstra. Hij stelt voor punt 1 van de agenda na punt 3 in te voegen. Er is dus eerst gelegenheid tot het houden van algemene beschouwingen. De hear Renia seit: Foarsitter, dit wiene in pear frjemde wiken. It komt ek net alle dagen foar dat kolleezjepartijen sokke swiere plannen fan har eigen bestjoerders ôfwize. Wie der te min oerlis west? Naaiden de fraksjes op it leste stuit út foar ferantwurdlikens? Oerhearskjend yn de hiele proseduere nei de simmerfakânsje hat de enorme tiidsdruk west. We hiene as fraksje wol mei de kolleezjeleden oerlein oer de VMA-foarstellen, mar har fertaling dêrfan yn it konsept-bestjoers- plan koene we net. Ek de strategyske fyzje wie ús net bekind en benammen it gehiel fan fyzje, besuningsútstellen en noch bykommende winsken dy't net troch- praten en net trochtocht wienen - de 4.1 útstellen - mar wêr't wol jild foar opikkere waard, die ús besluten op de rem te traapjen. De strategyske fyzje wie te iensidich rjochte op de toerist, de finansjele Onderbouwing fan guon útstellen te weak, de tiid foar oerlis te koart. As men mei dusdanige foarstellen komt sil der dochs draachflak wêze moatte. In besjoersplan wêryn op basis fan in fyzje dy't seit ek bedoeld te wezen om foarsjennings yn stân te halden - foarsjennings as winkels en rekreaasje-foarsjennings sil bedoeld wêze - en wêryn oan de oare kant op basis fan in besunigingsmodel foarsjennings foar de boargers lykas bibleteken, brânwar, ensafuorthinne, ofbrutsen wurde, sa'n bestjoersplan doocht dochs net alhiel. Wy ha doe ús ferantwurdlikens as fraksje ten folie naam. _Q-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O- O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-O-

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 4