-46- Haar fractie blijft bij het voorstel dat in ieder geval de 30.000,van de kinderopvang naar de Stichting Alderein- wurk moet. Mefrou Santema soe har goed yntinke kinne dat it ferfiers- projekt der ek is foar âldere minsken dy't sa no en dan nei Grou, nei it gemeentehûs ta moatte. Dêr is no hast gjin romte foar. Jonge minsken kinne ek wolris fytse. De hear SBouma seit dat hy en de hear Oosterhof it útstel fan it C.D.A. s typ je om de 30.000,fan'e berne-opfang nei de Stichting Aldereinwurk te bringen. Mefrou De Boer seit dat har fraksje it C.D.A.-útstel net stipet. Earst moatte de 2 nota's dy't der lizze opelkoar ôfstimd wurde en dan kin besjoen wurde hoe heech de subsydzje foar it aldereinwurk wêze moat. De hear Van der Baan seit dat hy der net fan oertsjûge is dat sawol it ferfiersprojekt as de berne-opfang as sosjale fernijing oanmurken wurde kin. Hy tinkt oan hiele oare gefallen as it giet om it besteegjen fan'e yntensivearringsjilden. As hy it skema besjocht fan'e gebrûkers fan'e bus en ek de lokaasje dy't keazen is dan freget hy him óf hoe't dit no liuwweardich wêze moat. De suggestjes dy't yn it útstel steane binne him fierstente dizenich en it wekt by him in protte ergernis. Hy wol der by de wethêlder op oantrúnje dochs noch ris yn'e kaartenbak te sjen en besykje de minsken dy't it echt nedich hawwe te helpen. Dit kolleezje-dtstel rukt net fris. Sykje kontakt mei De earme kant fan Boarnsterhim. Dan sil it sosjale fernijing út it hert wêze. Wy binne ferplichte oan De earme kant datjinge te jaan wat we hawwe. As we dan mei 60.000,tefolle sitte en we binne net by steat op in bettere wize dy minsken te helpen dy't it nedich hawwe dan hat hy noch leaver dat it nei it ryk weromgiet dan dat it yn ditsoarte projekten stutsen wurdt. De hear Breeuwsma seit dat hy hiel fier mei de hear Van der Baan meigean kin. Hjir wurde dingen dien ûnder it mom fan sosjale fernijing. Der is dúdlik ôfpraten dat der wat oan it aldereinwurk dien wurde soe en dat bart net. Hy stelt út it ferfiersprojekt ûnder te bringen by de Stichting Aldereinwurk en jou mefrou Jongedijk de lieding. Dan binne we yn elts gefal wis dat it net allinne by Foarwurk en wurkleazens telêne komt sadat de alderein ek syn gerak kriget. Hy is it der ek net mei iens dat der 30.000,nei de berne-opfang giet. Alles kin as it om de berne-opfang giet en der is al in hiele protte jild hinnegien. De hear Bethlehem stelt fêst dat C.D.A. en F.N.P. besykje om de berne-opfang te fertraagjen. Se hiene better sizze kind dat se tsjin de berne-opfang binne.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 50