-2- We ha dien wat in ried yn sa'n gefal dwaan moat en dat is sa'n plan werom-wize. En dat op it earste stuit dat it koe yn in folsleine ried: yn it neipetear fan de novimber-ried. Yn alle gefallen leit der no in konsept-bestjoersplan dat as basis tsjinje kin fan in fierder petear. De tiid en de ynset bestege oan it konsept binne net wei. Wy ha uteraard wurdearring foar al it wurk dat dien is. Miskien fait ús te ferwiten dat we net efkes earder dúdlik west ha. Miskien, mar koene we folie earder? We ferwite ús seis wol dat we net better fêsthâlden ha oan ús beswier tsjin de tiidsdruk. We ha dat yn septimber hiel dúdlik sein, mar we binne dochs akkoart gongen mei in minimale útwreiding fan mar twa wike. Dêr waard ferfolgens wer in wike ôfhelle omt men net klear koe. Het zij zo. Mar foarsitter, mei it weromwizen fan it plan ha we it yn syn ûnderdielen net folslein ôfwezen. Elk dy't de tekst fan myn ferhaal fan de novimber-gearkomste krigen hat of aanst de notulen lést, sil dat sjen kinne. We woene in bredere fyzje, mear tiid foar oerlis en in bettere finansjele ûnderbouwing. We wolle fansels krekt as it kolleezje en de oare fraksjes dizze saak sa gau mooglik ta in goed ein bringe. In bestjoersplan moet der komme. Ek dêr nimme we ús ferantwurdlikens wol. We wolle it kolleezje en de oare fraksjes derby in tal gedachten meijaan. Boarnsterhim. Grou, Terherne, Akkrum, Wergea, Raerd Wenjen, wurkje en rekreëren yn 18 doarpen yn it hert fan Fryslên. Dat hat alles te meitsjen mei dy doarpen en mei de ynwenners dêrfan. Ynwenners, dy't oer it generaal har noch ferantwurdlik witte foar har doarpen, dy't der faak grutsk op binne en har der ek foar ynsette wolle. Dy't ek wiis binne mei de romtlikheid fan har wengebied, it lânskip en de natoer en dy't har der bewust fan binne dat it wetter by it wenjen, it wurkjen en it rekreëren in dúdlike rol spilet. Fanút dizze hâlding sille se yn harren doarpen, yn har gemeente ek gastfrij wêze tsjinoer oaren, tsjinoer toeristen. Wa't grutsk is op syn wente set de doar ek maklik iepen. As men in takomstfyzje skriuwe wol foar ús gemeente dan sil de einsitewaasie wêze moatte: 1. in gemeente, dêr't de eigen ynwenners har goed op harren plak fiele en dêr't gasten wolkom binne en ek graach hinne geane; 2. libjende, goed oanklaaide en ynrjochte, noflike doarpen mei romsoartige foarsjennings foar de ynwenners en goed ûnderdak foar de gasten; 3. goede wenmooglikheden foar alle lagen fan de befolking; 4. goede ferbinings tusken doarpen, sawol oer lân as ek oer it wetter;

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 5