-5- Foar de ferskate ûnderdielen fan de gemeentlike foarsjennings moat der oerweage wurde om oer te gean ta budzietfinansierina. Ek hjir kin de boppeneamde ferantwurdlikens in rol spylje. Wol sille de budzjetten yndeksearre wurde moatte. c. Ferbininos. De ferbinings tusken de doarpen sille goed wêze moatte. Benammen ek om't der yn de takomst faaks mear sintralisaasje fan bepaalde foarsjennings en tsjinsten plak fine sil, sa't we dat no bygelyks al kinne fan sporthallen, foarmen fan âldereinsoarch ensafuort- hinne. Dat doarpen oer it wetter berikber binne is in hiele pree. It sil it wengenot ferbetterje. Mar benammen de ferbinings oer lân, de diken, sille goed en planmjittich ûnderhâlden wurde moatte. Derby is it saak om foar elke dyk de funksje en de easken fan feiligens mei te nimmen. Mei ienfêldige maatregels binne ferkearsstreamen nei de grutte ferbiningswegen te lieden. Underhâld mei in dúdlik belied derby dus! Wy wolle dêr graach ris oer te set. Ferbinings foar minder mobile ynwenners moatte der ek wêze. It ferfierprojekt Boarnsterhim smyt foar ús dan ek hege eagen. Wy witte fansels dat ien en oar jild kostet. Basis foar it tinken dêroer, sil it VMA-rapport wêze, sij it dat wy oerlis mei de ferskate groepearrings foarsteane. Mar it mei elk dúdlik wêze dat it hanthavenjen fan in goed foarsjenningsnivo net foar neat kin. Ek mei dúdlik wêze dat by dit foarsjenningsnivo in goed funktionearjend gemeentlik apparaat heart. Der moat soarch- fâldich mei de boarger omgien wurde. Hy moat witte wêr't er wêze moat en hokker amtner foar him ferantwurdlik is. In protte is der al ferbettere, mar we bin der noch net. In bedriuwsburo foar gemeentewurken is in goede saak, ek nei bûten. Faaks kin sa'n soarte fan konstruksje ek tapast wurde foar oare haadôfdielings. Foarljochting en P.R. binne saken, dêr't we wis oer gear moatte. Fierders steane we - it hoecht hast net mear sein te wurden - in goed miljeubelied foar. Dat is ommers de basisfoarsjenning foar al ús wêzen hjir yn de takomst. Dêrby heart ek in belied rjochte op it fersterkjen fan de natoerlike wearden yn ús gemeente. Wy ûnderskriuwe dus de oanfalsplannen út it konsept-bestjoers- plan foar miljeu, gebouwen, wegen en rioelen. Wy hiene dit saneamde reparearjend belied graach regelje wollen yn dizze gearkomste. Dekking hie neffens ús fûn wurde kinnen yn in oantal taryfsferhegingen, sa't dy op dizze gearkomste foarsteld wurde en út in tal ombûgings yn de aspekttema's. Dat dit no net bart hat grif sa syn reden. Dy hearre we graach en we hoopje dat it kolleezje op hiel koarte termyn dochs mei útstellen komt. De oare doelen út it konsept-bestjoersplan (4.1) sille hifke wurde moatte. 0126V 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8