-6- Wurkjen. De strategyske fyzje út it konsept-bestjoersplan jout oan de iene kant wegen oan om te kommen ta it ferbetterjen fan de wenomjouwing, oan de oare kant wiist it oan hokker kant wy út moatte om mear werkgelegenheid nei ús gemeente te heljen en hoe't mear toerisme ek in bydrage jaan kin ta it yn stân hâlden fan foarsjennings as winkels en rekréaasjefoarsjennings. Plannen oer it ferbetterjen fan de wenomjouwing en it iepenlizzen fan ferbinings oer it wetter, dêrfan soene wy dochs graach in hifkjen sjen, yn oerlis mei de ynwenners. Dêr wêr't de strategyske fyzje yngiet op de mooglikheden fan wurkgelegenheid yn de rekréative sektor, tinke wy dat men dit ûnderbringe moat yn it toeristysk-rekréatyf-aksjeplan, dat wer in diel is fan in mearomfetsjend wurkgelegenheidsbelied. Want der binne fansels mear mooglikheden foar wurkgelegenheid. We hawwe ommers noch in tal yndustrieterreinen lizzen op goede lokaasjes. We hawwe ek noch in grutte sektor lânbou. Lizze hjir gjin mooglikheden op it mêd fan de agrifikaasje, fan de mi1j eu-yndustry In goede namme op it miljeumêd hawwe we al. Allinnich gokke op de rekréaasje liket ús wat smel. By de wurkgelegenheid moatte we fansels trochgean mei in ynfoljen fan alle mooglikheden dy't der binne om minsken oan wurk te helpen. Jeugdwurkgarânsjeplannen, banenpools, mar ek Foarwurk kinne goed wurk dwaan of dogge dat al. In goede berne-opfang makket diel út fan in wurkgelegenheidsbelied sa't ús dat foar eagen stiet. Rekréaasje. Rekréaasje moat tasnien wêze op ús doarpen en ús wetters. De doarpen moatte as goede gasthear de gasten ûntfange kinne en dat mei nocht dwaan Hjir boppen is der al it ien en oar oer sein. Dêrneist kinne in oantal lokaasjes foar grutskaliger en heechkwalitative rekréative foarsjennings oanwezen wurde. De strategyske fyzje ûnderskriuwe wy op dat punt. Omtinken sil neffens ús ek jûn wurde moatte oan it kulturele toerisme. Moaie doarpsgesichten, musea, fytsrûtes, dat alles kin oanbean wurde. Yn'e mande mei de V.V.V. binne der grif plannen te meitsjen. It Frysk is derby in wichtich ûnderdiel fan dizze kultuer. It bepaald foar in grut part de eigen sfear fan dit gebied. Undersyk wiist út dat it mei ien fan de redenen is dat minsken nei Fryslân komme. We soene der ris positiver mei omgean moatte. Faaks binne it allinnich de Friezen seis dy't benaud binne foar it Frysk. Ynvestearjen yn ús doarpen betsjut mei it each op it kultureel toerisme ek ynvestearjen yn ús monuminten. Ek yn de lytse. It bestjut bygelyks ek dat der better tasjoen wurde moat op it oansjen fan histoaryske gevels. Woekerje mei wat we hawwe op it mêd fan wenjen, wurkjen en rekreëren. Dêr wêr mooglik en needsaaklik yn de mande mei oaren lykas provinsje en stêdsgewest.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 9