-14- De hear SBouma seit dat syn fraksje him fine kin yn it útstel fan it kolleezje. Yn'e tredde ôfdieling hat bliken dien dat de Houtwurkpleats himsels bedrippe kin en it liket him net mear as logysk dat se dan ek gjin subsydzje krije. It is net sa as mefrou Van den Berg it foarkomme lit dat it praten oer it bestjoersplan har ûntnommen is, it is demokratysk sa besluten. De hear Renia seit dat syn fraksje it iens is mei it kolleezje- útstel. Op himsels hat hy gjin problemen mei in dekking fan it tekoart út it fereveningsfûns. Syn probleem is wol dat de opgave der noch leit de gemeentlike finânsjes op in rychje te setten yn it ramt fan it bestjoersplan. It soe dan wol wêze kinne dat saken dy't no besluten wurde weromdraaid wurde moatte. Hy wol it earst sa litte as yn it útstel stiet. Hy begrypt dat de kommisje der in protte muoite mei hat. Hy hopet dat de Houtwurkpleats by steat wêze sil himsels te bedrippen op den doer. Wethalder Nieuwdam wol earst dúdlik stelle dat it fêsthâlden fan'e nulline al in tal jierren oan'e oarder is. It sosjaal—kuiturele wurk foarmet dêrop gjin útsûndering. Yn'e rin fan'e jierren binne der ûndanks de nulline hyltiten nije ûnderdielen by it sosjaal-kulturele wurk kommen, somtiden mei keunst en fleanwurk. Hy sjocht lykwols gjin reden om de oanfraach om in hegere bydrage te honorearjen. De wolwêzens- kommisje hat ek in eigen ferantwurdlikheid, men wist hoe't it der finansjeel yn'e gemeente foarstiet. It ferbaast him dat de kommisje docht as wie dat net bekind. De suggestje om no it Fereveningsfûns fierder oan te sprekken moat hy fansels oerlizze mei de kommisje. Mevrouw Vanden Berg zegt dat er zeker geen democratisch besluit is genomen over het wel of niet doorgaan van het bestuursplan. Haar fractie handhaaft het voorstel dat het totale tekort voor 1992 uit het Vereveningsfonds te betalen en voor het begrotingsjaar 1993 de verordening en het budget helemaal opnieuw te bekijken en vaststellen. Mefrou Veldstra seit dat de Houtwurkpleats him seis graach rede wol, mar dat slagget noch net omt se oantangele sitte mei de hege hierpriis. Se is fan miening dat der gjin goed oerlis west hat tusken de kommisje en de wethalder. Pas yn in hiel let stadium is dúdlik wurden hoe it komme soe mei de subsydzje en doe wiene alle berekkenings al klear. Se is it mei mefrou Van den Berg iens dat it hiele tekoart út it Fereveningsfûns helle wurdt. Foar 1993 moat dan alles op'e nij goed op'e rails setten wurde. De hear Renia tinkt dat it net goed is ferwachtings te wekken foar kommende jierren. Alles wurdt yn it ramt fan it bestjoers plan besjoen en op in rychje set. AX O ftt» 1 A

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 17