-16- Wat is er reeds doorgevoerd van de herstructurering? Haar fractie wenst de herstructurering van het ambtelijk apparaat financieel inzichtelijk te houden. De hear Van der Baan is it hielendal mei mefrou Van den Berg iens. Wethâlder Nieuwdam seit dat it yn'e gemeentlike organisaasje net ûngebrûklik is dat foar it ynhieren fan tydlik personiel gebrûk makke wurdt fan'e steat B foarsafier it in fakatuere oanbelanget troch natuerlik ferrin ûntstien en dy't net fuortendaliks wer opfold wrudt. Om dy reden hat it kolleezje besluten foar it ynhieren fan in tydlike kracht foar de reorganisaasje. Dit is de earste post dy't brûkt wurdt foar it reorganisaasje- proses. Hy sjocht gjin reden ta it meitsjen fan in apart útstel hjirfoar. De tydlike kracht wurdt ynhierd omt der ferlet is fan in bepaalde foarm fan saakkundigens, de grutte fan it wurk en it tiidsaspekt. It is wol te ferdigenjen dat in tydlike kracht oanlutsen wurdt en dat de dekking fûn wurdt yn'e steat B. De hear Breeuwsma hat net fan'e wethâlder heard dat dit neffens him in goede beneiering is. Syn fraksje fynt dat yn elts gefal net. Hy fynt dat de steat B hjir finansjeel-technysk net foar ynsteld is. Hy riedt it kolleezje oan dit útstel yn'e ôfdieling te bringen mei yn elts gefal mear details. De hear Renia wol der wol oan taheakje dat der al wiidweidich yn'e ôfdieling oer praten is. Mevrouw Van den Berg zegt dat het in de rondvraag via een vraag van de heer S. Bouma aan de orde is gekomen. Er is toen gesproken over de taakinvulling van de tijdelijke kracht. Het gaat hier om de financiële afwikkeling. Wethâlder Nieuwdam seit dat yn'e ôfdieling wol dúdlik sein is dat de dekking fûn wurde soe yn'e steat B. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voorstel besloten. De fracties van C.D.A. en F.N.P. worden geacht tegen de begro tingswijziging Algemene Dienst, krediet uitvoering reorganisatie te hebben gestemd. De voorzitter sluit om 22.00 uur de vergadering onder dank zegging voor de bijdrage aan de discussie en de besluitvorming. Aldus vastgesteld in de openbare vergadering van IV februari 1992, de secretaris, de vc Ltter, (mevr. A.M.E. v.d. Sluijs) (B.G. Ltrop)

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 19