- 7 - It Fryske Gea sil der foar stride om dat wat se yn hânnen hawwe net wer los te litten, mar dat is de bedoeling net fan it útstel fan it kolleezje. Der wurdt socht nei in kompromis en hy fynt dat de gemeente hiel dúdlik wêze moat. Hy wol in hurde tasizzing dat in bestimmingswiziging mooglik wêze sil en oars net meiwurkje oan it ynfollen fan it nije bestimmingsplan. Dy hurde opstelling mist hy yn it kolleezje-útstel. De hear Oosterhof is it hielendal mei de hear Breeuwsma iens. Hy wol mear sekerheid hawwe oer de mooglike funksjewiziging. De hear Van der Baan seit dat hy it fan grutte betsjutting fynt dat Grou ek op rekreatyf mêd syn poarsje nimt. Pleatslik Belang, VVV en winkeliersferiening hawwe dúdlik steld dat sy it fan grut belang achtsje dat op de Suderburd in stik rekreative ûntjouwing komt. Maatskiplik sjoen leit der dus in breed draachflak. Hy tinkt dat dit plan de iennichste manier is om dat te berikken. De bewenners fan Grou sille der o sa fan provitearje as der deirekreaasje op'e Suderburd mooglik wurdt. Om reden dat minsken út Grou as se no nei it wetter wolle nei Terherne as nei Makkum moatte fynt hy it fan it grutste belang dat de Suderburd in rekreative bestimming krijt, sadat de Grousters ek yn harren eigen wenplak by it wetter rekreearje kinne. Hy warskôget it kolleezje derfoar dat op dit momint al by de miljeugroepen it wyt foar eagen stiet wat De Burd oanbelan- get: dat moat natuergebiet wurde. As de gemeente der net foar soarget dat de Suderburd direkt in rekreative bestimming krijt sille de miljeugroepearrings dat tsjinkeare mei alles wat yn harren fermogen leit. Wat de pont oanbelanget draait it kolleezje as in kat om'e hite brij hinne. Der is nammentlik mar ien mooglikheid om ta ûntwik- keling fan De Burd te kommen en dat is as der in garânsje komt dat de pont bestean bliuwt mei de hjoeddeistige fartiden oant it momint ta dat de léste boer fan it eilân ferdwûn is. De bewen ners fan De Burd wolle perfoast witte hoe't it komt. Dat kin net wachtsje oant de behanneling fan it bestjoersplanFeroaring fan fartiden is net ferantwurde yn ferbân mei in goede bedriuws- fiering en de sosjale kontakten ensfh. Hy stelt út dat salang't der bedriuwen op De Burd binne de ponttiden en de tariven net feroare wurde. It giet mefrou Santema fiestente fier dat de hear Van der Baan allinne mar foardielen sjocht foar de bewenners fan Grou wylst it neffens har om hiel Boarnsterhim giet. De hear Renia seit dat de hiele rie it deroer iens is dat der dúdlikheid komme moat oer De Burd en dat der wissichheid komme moat oer it stik rekreative ûntwikkeling dat dêr komme moat. Hy wit net yn hoefiere de tasizzings fan Deputearre Steaten genôch binne, mar hy lit dat graach oan it kolleezje oer om dat te beoardielen. Hy wol lykwols wol dat it goed komt, 5 jier yn'e rie hat him wol leard dat moaie wurden net genôch binne: as de saak net skerp steld is wurde jo dochs wol wer besodemietere As hy it goed begrepen hat wurdt der yn it ramt fan'e wersjen- ning fan it streekplan wurke oan in oare ynfolling fan dit gebiet. Wat is it neidiel fan it foarútskouwen fan in beslissing sa't de hear Breeuwsma dat wol. Oer Trijehûs hat hy de wethâlder noch net heard. It hanthavenjen fan'e ponttariven is fansels ûnsin. Oer it bestean bliuwen fan'e pont hat hy al dúdlik west. NOTFEBJUC/H.7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 10