- 11 - De hear Breeuwsma seit dat der yndertiid in dúdlik beslút nommen is om it yndustryterrein Biensma te realisearjen mei de betingst dat der in fytsbrêge oanlein wurde soe. Hy begrypt noch hyltiten net wêrom de minderheid fan it kolleezje doe kom men is mei it útstel om in autobrêge oan te lizzen. Sjoen de finansjele kant is it better dat der no in nij útstel komt, mar it is wol hiel ferfelend. Syn fraksje fynt dat it goed is dat de rie him hâldt oan'e ôfspraken dy't yndertiid by it ûntwikkeljen fan it yndustryterrein Biensma makke binne. De hear Van der Baan fynt dat yn prinsipe it beslút fan 24 desimber 1990 net werroppen wurde kin, as de arguminten soene dat neadsaaklik meitsje moatte. It is al gau in foarm fan ûnbehoarlik bestjoer as der sa gau weromkaam wurdt op in beslút. De argumintaasje foar in autobrêge stiet ek hjoeddedei noch rjocht oerein. Wat hy as besprekber achtet is de foarm- jouwing. Wat der no bart is yn striid mei de rjochtssekerheid Der wurdt wol hiel maklik gebrûk makke fan it foech om dingen te feroarjen. Hy fynt dat de rie yn it foarste plak tinke moat oan'e soarch om in feilige en praktyske wei nei it suden fan Grou ta. Dat is in algemien belang. Der binne dan miskien wol ferplichtings nei de ûndernimmers ta mar hy tinkt dat dy fer- plichtings gjin garânsjes ynhâlde kinne. Eltse boarger kin ommers aanst beswier meitsje tsjin de bou fan in brêge. Op dit stuit sitte we yn in sitewaasje sa fan: "ik tel de knopen van mijn jas". Hy wol dy kant net út. De technyske tsjinfallers komme gewoan fan grutte ferkearde ynskattings. Hy freget him óf hoe goed de saak dan no berekkene is. Dy kwestje waacht sa swier foar syn fraksje dat hy graach fan it kolleezje witte wol hokfoar maatregels der nommen wurde sille om soks yn'e takomst foar te kommen. Der moatte maatregels út fuortkomme want op dizze wize kinne der gjin goede besluten nommen wurde. As der no yn'e hjitte hei besluten wurdt ta wat oars is syn fraksje tsjin. Yn de foarskiednis fynt hy wol safolle redenen om by in weroerwaging echt alles ta op'e boaiem út te sykjen. Wat binne no krekt de beheiningen dy't de ûndernimmers ús oplizze kinne. Hy kin him net yntinke dat skeaklaims mooglik binne. En as we no wer feroarje kinne we skeaklaims ferwachtsje fan minsken benoarden Grou. Hy kin sawol oanfiele dat de brêge der troch dizze beswieren foarearst net komt en seker net foar de sim- merfekânsje. Hy hat de idee dat der mooglikheden binne foar 6 7 ton in lichte autobrêge te meitsjen. Dat moat yn elts gefal ûndersocht wurde. Ek as der feroare wurdt moat der ûnder it beslút in maatskiplik draachflak lizze. Dêrom soe hy it hiel ferstannich fine dat as der in kommisje komt dêr ûndernimmers, Pleatslik Belangen, minksen út it gebiet benoarden Grou en saakkundigen ynsitte, dy't besjen kinne oft in automatyske brêge as in brêge betsjinne út sintraal punt wei mooglik is. Hy soe it o sa spitich fine dat no fluch en net op basis fan in folslein oersjoch fan kosten en mooglikheden besluten wurdt. In goed ûndersyk om in maatskiplik draachflak te krijen moat der komme. Mefrou Santema seit dat it giet om de takomst fan it noarden fan ús gemeente, by it behanneljen fan dit útstel. Se wie en is spinnidich oer dit útstel. Ek de minsken út Grou sille harren besodemietere fiele. Mar gelokkich der komt no in gouden fyts brêge, is't net moai! Hat Grou aanst noch wol in streekfunksje foar de hiele gemeente as de minsken út it noarden net mear fatsoenlik yn Grou komme kinne? En wat kostet it wol net yn it ramt fan'e miljeufersmoarging NOTFEBJUCyH.il

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 14