- 18 - De hear Van der Baan sjocht no it gefaar op him ôfkommen dat slûpendewei de prioriteiten fêststeld en útfierd wurde sûnder dat der in ôfwaging tsjin oare saken oer makke is. De útwurking fan'e ûnderdielen fan it útstel is him ek net dúdlik genôch. Der sil oanjûn wurde moatte hoe't de ûnderdielen planmjittich oanpakt wurde. Foar b.g. De Twine binne mear gegevens nedich, sa as in ynvestearingsplan en in eksploitaasjereken. No wurde alle reserves opbrûkt, der bliuwt neat fan oer en dat fynt hy in poerminne saak. Hy stelt út it útstel werom te nimmen, de ûnderdielen yngiend út te wurkjen en yn'e ôfielings te besprekken yn gearhing mei de prioriteitstelling fan it bestjoersplan. Mevrouw Van den Berg zegt dat het voor haar fractie duidelijk is, dat nu er een nieuwe strategische visie wordt geschreven, niet op voorhand met het reparerende beleid begonnen moet worden, omdat dan alle geld wordt opgebruikt. Het bestuursplan kan dan wel direct in de la. Zou de raad niet eens een dag de hei op kunnen om alles waar de fracties het in het kader van het bestuursplan wel over eens waren op papier te zetten, want waren er uiteindelijk tussen de fracties wel zulke grote verschillen? Het college kan dan met voorstellen over de punten waarover de raad niet gelijk denkt komen. Het is haar fractie heel wat waard om met elkaar tot een goede oplossing te komen, die zij niet ziet als nu tot het repa rerend besluit conform het voorstel wordt besloten. De hear Renia seit dat it der no om giet oft de punten út it útstel fan sa'n gewicht binne dat se direkt oanpakt wurde moatte of dat der mei wachte wurde kin oant we meielkoar "op'e heide" sitten hawwe. Hy hopet ek dat we meielkoar ta in folwûksen en goed bestjoersplan komme. Hy hopet net dat it no útfieren fan it reparearjend belied, it leit al sa lang te wachtsjen, dy saak frustrearje sil. Miljeuwetjouwing moat no mei begûn wurde, it grûnbedriuw stiet der hiel min foar, as De Twine bygelyks ferkocht wurdt sil dy op syn minst yn goede steat wêze moatte, de riolearring is gjin punt fan diskusje, it planmjittich ûnderhâld fan skoalgebouwen sil der komme moatte om foar te kommen dat noch langer fan'e underwiisútkearing stikkene kachels ensfh. betelle wurde. De béste oplossing foar de diken is yndied dat wat yn it best joersplan stiet mar dér is it jild net foar. De iennichste ma nier is wat hjir útsteld wurdt. De diken rinne dan wol net fuort mar se lizze al wol hiel lang te wachtsjen op in goede ûnderhâld- sbeurt. Hy tinkt dat de rie it der wol hast oer iens is dat dizze saken oppakt wurde en hoewol't de argumintaasje fan it CDA tige plausibel is tinkt hy dochs dat it reparearjend belied no útfierd wurde moat. De reserve mienskipssintrum wurdt ek foar de dekking brûkt. Dat nimt neffens him it koleezje de ynspanningsferplichting net óf om te soargjen dat dat sintrum der komt. Mefrou Santema seit dat it wurd "reparearjend" ynhâldt dat we feitlik oan it oplapjen binne. Dingen no noch langer lizze litte kin net. De hear Breeuwsma seit dat it bestjoersplan yn in kertier fan tafel fage is, dat hat 6 ton koste. It leafste hie syn fraksje it béste út it bestjoersplan helje wollen en praat dér oer.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 21