- 19 - No't dat net bard is wol syn fraksje ek meiwurkje oan it ta stân kommen fan it nije bestjoersplan. Mar hy fielt der neat foar dat no earst it jild opmakke wurdt foardat der oer it bestjoersplan praten wurde kin. Wethâlder Bloem seit dat it kolleezje mei it útstel kommen is fanút it ynsjoch dat we om dizze saken net hinne kinne, ek net as it bestjoersplan der al is. Se tinkt seis dat it wurkjen oan dizze saken in betingst is om mei oare dingen oan'e gong te kinnen. Der bin yndied noch mear saken dy't oppakt wurde moatte en dy meinommen wurde moatte yn it ramt fan bestjoersplan keppele oan'e VMA-útstellen. Wethâlder Nieuwdam seit oangeande de útfiering miljeuwetjouwing dat moarn de léste trein nei Den Haach giet. As we it letter dogge binne we foar altyd te let en dan kinne we yn'e takomst de finansjele gefolgen dêrfan temjitte sjen. Los fan'e ûndersiken nei in nije behearsfoarm foar De Twine sil der breanedich wat barre moatte oan it ûnderhâld. As we no noch gjin beslút nimme kinne kin op syn betiidst it swimbad foar de simmer fan 1993 yn oarder wêze en de sporthal foar de winter fan 1992. As it beslút folie fierder nei foaren skood wurdt is der samar wer in jier foarby en it wurdt ek alline mar hyltiten djoerder It kolleezje stiet foar wat tasein is ek oangeande de ynspan- ningsferplichting foar it mienskipssintrum yn Grou. De hear Van der Baan bliuwt syn beswieren hâlden tsjin de wize wêrop dit bart. Yn de ôfdielingen is net goed oer de útstellen praat en de útstellen binne ek net goed ûnderboud. Wat foar wegen wurde bygelyks bedoeld. Hy moat fan'e wethâlder begripe dat it swimbad bliuwt, mar dat gegeven is net wûgen. It soe best wêze kinne dat yn in algehiele ôfwaging besluten wurdt ta de sluting fan it swimbad. Dit binne mar in pear foarbilden. As we no beslute ta dit reparearjend belied hat it bestjoersplan gjin doel mear, want it jild is ommers al op. En wêr bliuwt dan b.g. it Fryske taalbelied, ja krekt, ûnder de tafel. De hear Renia seit dat him it hoe, wat en wêrom fan alle pun ten, útsein de diken, goed foar eagen stiet. Fansels ferwachtet syn fraksje noch útstellen ensfh. oer alle ûnderdielen dy't hjir neamd wurde. Syn fraksje fynt dat der net langer mei it reparea rjend belied wachte wurde kin. De hear SBouma is it hjir hielendal mei iens. Nij belied kin stâl krije yn it nije bestjoersplan. Dat is de útdaging dy't we oangeane. Fan'e oare fraksjes hat hy gjin alternativen heard, dus liket it him hiel logysk dat se no meigeane. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat hy wol deeglik in alternatief foar de behanneling jûn hat. Mevrouw Van den Berg zegt ten eerste tegen de heer Bouma dat hij niet het woord "uitdaging" in de mond moet nemen, want hij heeft niet die uitdaging aangedurfd toen het bestuursplan op tafel lag. Het bestuursplan is niet op onderdelen besproken, dus zij heeft nooit de gelegenheid gehad duidelijk te zijn. NOTFEBJUC/H.19

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 22