Wij willen u mededelen, dat wij uitvoering willen geven aan het raadsbesluit tot verkoop aan de heer Vellinga. Wel zal in de verkoopacte een bepaling worden opgenomen over het gebruik van de grond. Over de juiste redactie hiervan wordt nog overleg gevoerd. Atletyk- en iisbaan Plan Meinga. Op 26 febrewaris hat de F.N.P.-fraksje ús in inisjatyf útstel stjoerd oangeande de oanlis fan in atletyk- en iisbaan yn it plan Meinga. Wy binne fan betinken dat dit útstel besjoen wurde moat in gearhing mei de brief fan 12 febrewaris fan de "Stichting Sportcentrum Grouw". Yn dizze brief freget de Stifting sa'n trije ton oan jildlike stipe fan de gemeente. Foar dat wy hjir in útspraak oerdwaan kinne, moat der wat tiid frijmakke wurde foar in ynhâldelike skôging en advisear- ring. Nei beslútfoarming yn B. en W. en oerlis yn in riedsôf- dieling kin pas in behanneling yn de rie plakfinne. Tagelyk binne wy fan betinken, dat beslútfoarming oer de finansjele stipe plak finne moat yn it ramt fan it bestjoersplan. Ein maaie tinke wy safier ree te wêzen dat behanneling yn in ôfdieling plak fine kin. It útstel fan de F.N.P.-fraksje kin dan dêryn beflapt wurde. Burgemeester en wethouders van de gemeente Boarnsterhim, de secretaris, de burgemeester, mevr. A.M.E. van der Sluijs B.G. Holtrop

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 30