GEMEENTE BOARNSTERHIM 14. Utstel ta it beneamen fan in lid fan de behearskom- misje fan de "O.S.G. Mid- Fryslân" Oan'e gemeenteried. Grou, 6 maart 1992. Yn ferbân mei oare drokke wurksumens hat de hear W.A.M. Nuiten te Grou syn lidmaatskip fan de behearskommisje fan de "O.S.G. Mid- Fryslân" te Akkrum/Grou opsizze moatten. Nei oanlieding dêrfan hawwe wy op grûn fan kêst 4 fan de "Oar- dering behearskommisje iepenbiere skoallemienskip Mid-Fryslân" in oprop pleatst yn'e "Mid-Frieslander" fan 29 jannewaris 1992. Under ferwizing nei it oanbelangjende skriuwen fan 5 febrewaris 1992, dat foar jimme by de riedstikken op besjen leit, dielt de hear D. Steenge te Grou mei, dat hy graach yn'e beneaming komt foar de fakatuere By brief fan 17 febrewaris 1992 hat de behearskommisje fan de "O.S.G. Mid-Fryslân" ús kolleezje meidield, dat hja akkoart gean kin mei de beneaming fan de hear Steenge, dy't him as iennichste gading makker foar de fakatuere oanmeld hat. Om't ek wy ús ferienigje kinne mei dizze kandidaat, stelle wy jimme út de hear D. Steenge, De Waring 16 te Grou te beneamen as lid fan de behearskommisje fan de "O.S.G. Mid-Fryslân" te Akkrum/Grou. Dy beneaming kin yngean op 1 april 1992. De hear Steenge is op dit stuit noch lid fan de meisizzenskipsried fan de skoalle, mar sil by beneaming as lid fan de behearskommisje syn lidmaatskip fan de M.R. beëindigje. Boargemaster en wethâlders fan'e gemeente Boarnsterhim, de siktaris, de boargemaster, mefr. A.M.E. van der Sluijs. B.G. Holtrop. irmuAiTAi t

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 52