- 4 - Wethouder Aukes zegt dat aan de bouwverordening een uitwerken de voorwaarde verbonden kan worden. Het college is van plan zo'n voorwaarde op te nemen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 14. Voorstel voor verdere planvorming van het gebied De Burd. De hear Breeuwsma seit dat der al earder oer De Burd praten is en dêr is ek jild oan bestege. Achterôf docht no bliken dat dat net wêze moatten hie. Dêrom freget hy wat foar haast der no eins is om dit no oan te pakken. Der is wol in gedachte oer hoe't it moat mar hoe't it krekt komt is noch net bekind. Der komt ek noch in weryndielingsplan foar it gebiet fan Earnewâld oantemei it Lege Midden yn it ramt fan'e ekologyske haadstruk- tuer. Is it dan nedich dat dit plan mei fiergeande útspraken der al leit. Hy ferwachtet dat de diskusje oer it al as net bestean bliuwen fan'e pont en de fartiden yn'e earste ôfdieling plakfynt en net sa as alwol bard is yn oare rûnten. Utspraken oer de pont hearre net yn'e fjirde ôfieling thús. De hear Renia seit dat syn fraksje wol bliid is dat er no gang achter setten wurdt. Foar de minsken dy't dêr wenje is dúdlik- heid oer hoe't it komt tige wichtich. Yn it útstel wurdt praten oer allinne natuergebiet. It is oan'e iene kant in prima saak wat it miljeu en ek it toerisme oanbelanget dat de natuerlike wearden fersterke wurde. De Burd leit op in hiel gaadlik plak. Ekologyske haadstruktuer, provinsjaal belied, it past der moai yn. De Burd is minder gaadlik foar de lânbou, ûnder oaren omt it deun tsjin De Alde Feanen oanleit. Ek de berikberheid is te min foar in goede bedriuwsfiering Al dizze arguminten bringe syn fraksje der ta dat it in goede saak is dat der in natuergebiet ûntwikkele wurdt. Hy hopet dat de útfiering fan dizze funksjewiziging net lang op him wachtsje litte sil. Benammen foar de minsken dy't dêr harren bedriuw hawwe kin lang útstel in desynvestearring betsjutte. Wat him oanbelanget soe de grins fan it bestimmingsplan wol wat oprekt wurde kinne sadat ek it eilântsje Trijehûs der yn fait. Yn 1989 hat de rie in moasje oannommen om fia de wurk mei wurkmetoade te kommen ta útwreiding fan it wetterareaalWêrom dat no út'e plannen is begrypt hy. Dochs is dat wol hiel spitich omt it altiten de twadde poat west hat fan'e plannen. Hy soe graach swart op wyt hawwe wolle dat der yn'e takomst gjin behinderingen wêze sille om dêr noch rekreaasjegebiet te meitsjen. Want as it Fryske Gea ien kear wat yn hânnen hat wolle se dat natuerlik wol hâlde. Mei in fierdere rekreatieve ûntjouwing doelt hy dan op in fergrutting fan it wetterareaal. It probleem is hoe dat te realisearjen is. Eardere plannen koene neat wurde. Hy moat wol sizze dat hy der net folie foar fielt dat der op'e Suderburd bedriuwsrekreaasje komme soe. Planologysk soe dat ek net passé, it belied is ek om safolle mooglik bûtengebiet frij te hâlden. It probleem fan bedriuw rekreaasje is ek dat in part fan'e oevers dy't kreëart wurde fuort wer bestimd wurde as privéterreinMar as it echt de iennichste mooglikheid is om dêr wat fan'e grûn te krijen sil syn fraksje der net tsjin wêze. It hat lykwols perfoarst net de foarkar. Hy soe it wol moai fine as der mooglikheden foar deirek- reaasje komme soene. Dat soe boppedat yn'e simmer in moaie ynstruier wêze foar de pont. wnram oryua

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 7