- 5 - Al mei al is syn fraksje foar it útstel. Der moat soarchfâldich mei de bewenners fan De Burd omgien wurde. Salang't dêr buorke wurdt moat der fansels in goede berikberheid wêze. Hy freget as léste omtinken foar it befarber meitsjen fan de Boarchfeart dy't troch de Noarderburd rint, wêrtroch in moaie alternative rûte ûntstean kin. De hear Oosterhof seit dat hy it yn grutte halen wol mei de hear Renia iens is. Alles is nei syn betinken opset om de pont te behâlden en de bedriuwichheid en de rekreaasje te fergrutsjen troch ûnder oaren it wetterareaal te fergrutsjen. Hy is der huverich foar dat as it Fryske Gea it gebiet yn hânnen hat it net maklik wêze sil om de bestimming yn re- kreaasjegebiet te feroarjen. Hy fynt dat de pont wol farren bliuwe moat salang't dêr minksen wenje. Hoe't it krekt moat sil letter oer praten wurde moatte. Hy fynt it tige wichtich dat de minsken alle meiwurking krije fan'e oerheid as it oankomt op de útkeap of it sykjen om in oar plak. De Boarchfeart soe in moaie oplossing wêze om it drokke stik fan it Prinses Margrietkanaal te ûntlesten. De hear Van der Baan tinkt dat dit útstel oer De Burd ek fan wêzenlike betsjutting is foar Grou. De takomstplannen foar De Burd moatte it leafst ta stân komme troch in net al te straffe planologyske ynfolling foarôf. Syn fraksje kin net meigean mei in folsleine funksjewiziging. It is nammentlik tige wichtich by in bestimmingswiziging de bewenners meiprate te litten. In brede re ynfolling wêryn meardere funksjes mooglik bliuwe soe better wêze. Dat soe ek tige passé yn'e fjirde nota R.O. wêryn it offisjele ryksbelied oanjûn wurdt. Ien ding moat foaropstean by alle feroaringen en dat is dat de pontferbining bliuwe moat mei de hjoeddeiske oeren salang't der ek noch mar ien bedriuw op De Burd is. Hy wol dat der no in beslút oer de fartiden nommen wurdt. De ûntjouwing fan De Burd is tige aktueel en hiel kompleks. Hy tinkt dat alle plannen wol fergetten wurde kinne as de bewenners der net achter steane en der gjin wissichheid is oer de pont. Dy kinne troch beswieren ensfh. alles wol tsjinkeare. Yn it útstel lést hy twifelridigens oangeande de plannen foar de Suderburd dy't hy dan ek tige omslachtich fynt en dus net ferstannich. Hy fynt dat steld wurde moat en fêstlein dat de Suderburd rekreaas- jegebiet wurdt. De tasizzing fan it kolleezje is him te dize- nich. Ek al lizze der óf spraken tusken gemeente, Fryske Gea en provinsje, by de funksjewiziging letter fan natuer nei rek- reatieve bestimming kin jo de hiele miljeubeweging op jo dak ferwachtsje. It kin de rekreative ûntjouwing ophâlde en mooglik tsjinkeare. Hy tinkt dat der foar de hiele Burd sawol in natuer as in rekreative funksje komme moat. It idee om de Boarchfeart wer te iepenjen sprekt him wol oan. Sa kin rekreaasjefeart en beropsfeart wat útelkoar helle wurde. Wethouder Aukes zegt dat de vraag van de heer Breeuwsma haar heeft verbaasd. In een motie in 1988 werd duidelijk dat de raad wilde dat er alles aan gedaan zou worden dat er door werk met werk een vergroting van het waterareaal kon komen. De heer Breeuwsma zat toen zelf in het college en heeft geprobeerd in overleg met de provincie dat te realiseren. Werk met werk bleek niet mogelijk. Op dat moment verscheen de Ontwikkelingsvisie recreatie en toerisme Grou en daarin werd De Burd genoemd als een mogelijkheid om te komen tot uitbreiding van recreatie- en natuurgebied NOTFEBJU0H3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8