- 12 - Syn fraksje is perfoarst net foar it ferkeapjen fan sport hal /swimbad de Twine. Hy fynt wol dat de saak op de meast koarte termyn opknapt wurde moat sadat it wer optimaal draaie kin. De ideëen dy't hjir en dêr libje dat it yn dizze ûnderhâldsteat wol ferkocht wurde kin binne út'e tomme sûge. En, sa't hy al sein hat syn fraksje is dêr ek net foar. Hy tinkt dat it in goede saak is dat yn it brede ûndersyk ek oare konstruksjes as behears- foarmen meinommen wurde. Men soe bygelyks oan in B.V.-foarm tinke kinne dêr't de gemeente oandielhâlder yn is. Syn fraksje hat as betingst dat it swimbad iepen bliuwe moat. Splitsing fan it gehiel liket syn fraksje net gaadlik omt der noch al wat ferbinings oer en wer binne tusken sporthal en swimbad sa as bygelyks de klaaikeamers en de kantine. It útstel fan mefrou Van den Berg moat neffens him ek besjoen wurde lykas it plan Bouma dat der leit. It ündersyk moat, hy seit it nochris, sa breed mooglik hâlden wurde. De hear SBouma seit dat in bedriuwsmjittige oanpak fan it sportkompleks de V.V.D. altiten al oansprutsen hat. Syn fraksje giet dêrom ek akkoart mei it útstel. Hy tinkt dat in bedriuw dat spesjalisearre is yn dit wurk dit ündersyk útfiere moat. De hear Van der Baan tinkt dat mei it ündersyk in earste stap setten wurde sil om te besykjen in oplossing te finen foar sport hal/ swimbad. Hy hat him wol ôffrege oft de eigen accountantsrap porten net foldwaande basis foarmje kinne foar it ynwinnen fan advys oan oare ynstansjes dy't miskien net folie jild freegje. Hy tinkt dat seker sjoen wurde moat nei it útstel fan it C.D.A. Der wurdt sein dat sporthal en swimbad net sluten wurde moatte. Hy is fan betinken dat as mei in ündersyk begûn wurdt neat útsluten wurde moat. Syn fraksje stiet dan ek folslein blanco tsjin de útkomst fan it ündersyk oer. Wethâlder Nieuwdam seit dat hy begrepen hat dat de fraksjes akkoart geane mei it ündersyk. It ütstel fan it kolleezje is foarme op grûn fan de diskusje yn'e ried oangeande it reparear- jende belied. Yntusken hat it kolleezje kontakten hân mei in accountantskantoar dat witte litten hat dat se oer dizze mate- arje in goed advys jaan kin. Hy fynt it spitich dat hy de ynfor- maasje oer Sport en Spel pas no krijt omt hy fan betinken is dat it net maklik is op dit stuit noch wer feroaringen oan te bringen wêrtroch it ündersyk ek pas letter begjinne kin. Hy sil seker syn foardiel dwaan mei de ynformaasje dy't mefrou Van den Berg oandrugen hat, mar om earder neamde, pragmatyske, redenen wol hy graach mei it yn it ütstel neamde bedriuw fierder gean. Mevrouw Van den Berg zegt dat zij de door haar aangedragen infor matie over de Stichting Sport en Spel op het gemeentekantoor heeft gekregen. Ook de wethouder had dus deze informatie kunnen hebben. Deze stichting, die ons op het lijf geschreven is om de problemen in onze gemeente aan te pakken acht zij de meest aangewezene om dit onderzoek uit te voeren. Zeker als er over gedacht wordt het sporthal/zwembad-complex in stand te houden in wat voor verband dan ook en haar fractie staat daar blanco tegen over, kunnen we beslist niet om deze stichting heen. Zij zou het dan ook betreuren als de wethouder vasthoudt aan het bedrijf dat in het collegevoorstel wordt genoemd. NOTULEN.MRT/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 15