- 17 - Mefrou Zij lstra seit: we sizze wolris, der is in tiid fan kom men en in tiid fan gean. Sa ek yn'e polityk. Guon minsken sei nen de léste tiid tsjin my: ik kin wol begripe dast der ophâl- dst. Wat is ek oan dy polityk. In protte tiid stekst der yn, altyd te min jild, in bulte geharrewar en wat kin jo no dwaan. Sa is it mei my dochs net! De tiid wol. Yn'e polityk sitte betsjut dat jo der nocht oan hawwe mar jo moatte ek de tiid ha om oerdei mar ek jüns op stap te gean. No't ik oar wurk ha, in folie wurkwike, kin ik oerdei net mear dy aktiviteiten dwaan lykas middeis efkes stikken léze, efkes in amtner freegje ensfh. Doch ha ik it wurk boeiend en nijsgjirrich fûn en ha net it idee dat jo neat dwaan kinne omt er in bytsje jild is. Wol is der in ferskil mei doe't ik begûn en as der winsken binne. Earder wie it mear sa, der is in winsk, jo ha arguminten en bepleitsje dat yn fraksje en ried en beslute. No is it mear sa: past de winsk yn in plan, is der belied en past it yn'e fisy. Hoe fine jo de dekking en hoe meitsje jo in ôfwaging, wat hat prioriteit en as we dit wol dogge, wat kin dan net. Folslein oars dus. Doch kinne wy as rieds leden tink ik noch better leare om te bestjoeren op haadpunten: jo ha wat oansetten jûn. As reade tried giet wol troch alle jierren hinne: hyltiten feroarje, oarder op saken stelle. Earst de weryndieling, de húsfêsting, de werorientaasje, besunigings. Earst oeral in bytsje óf (de kaasschaafmethode) oant it grutte ûndersyk, de reorganisaasje en it bestjoersplan wêr't wy fanüt gean dat it dizze simmer ek hannen en fuotten hat. It leit my dan ek better om te sizzen: wy sitte yn in troch- geande feroaring. Der komme hyltiten wer oare saken op ús óf It is better dus om te learen hoe jo de feroarings oankinne en pas jo organisaasje dêrop óf Utdaagjend. Ik makke dat mei yn'e thússoarch(gesinssoarch) en no provinsjaal yn myn nije wurk is dat ek wer sa. Ik fyn wol dat jo as riedslid wat dwaan kinne, sjoch no it kolleezjewurkprogramma. Der binne amper twa jier om en saken binne yn gong setten as besluten binne nommen oer it miljeube- lied, de automatisearring, de berneopfang, de Burd, it learmid- delbudzjet is ferhege, de bydrage foar de MADI is ferhege, de rekkens en begruttings klopje en der binne in protte plannen ta doarpsfernijing in gong setten. Ek opfallend haw ik fûn dat de ried soms gau in beslút nimme koe oer bygelyks Biensma, mar somtiden duorret it ek jierren. Tink mar oan it mienskipssintrum yn Grou, no seal 300. Ik hoopje dat it aktiviteitensintrum yn Akkrum gauer relisearre is. Analyses oer it hoe en wat jou ik net, it bin inkeld opfallende saken. Ik haw it wurk mei nocht soms ek mei unnocht mar ek mei in protte wille dien. Goed gearwurke yn eigen fraksje mar ek mei de oare fraksjes en mei de amtners. Ik koe altyd lânskomme en myn fragen stelle. Ik mocht dan ek graach ris efkes op it gemeente- kantoar komme en hjir en dér in praatsje meitsje (wa wit sil ik dan noch wol misse) Ik bin bliid dat Jannewietske de Vries, in bekwame frou my opfolget. Temear omt ik fanút emansipatoarysk tinken derfan oertsjûge bin dat it goed is, yn'e polityk it wurk safolle mooglik te ferdielen oer froulju en manlju. Foarsitter, riedskollega's, amtners, ik hoopje dat it goed mei jimme giet want dat komt ek de boargers fan Boarnsterhim tem- jitte. Tank foar de gearwurking en sa as ik al sei: der is in tiid fan kommen en in tiid fan gean. NOTULEN.MRT/H/17

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 20