- 2 - Wethâlder Nieuwdam kin echt net út it brief fan de gemeente Em- men opmeitsje dat der om stipe frege wurdt. Hy sjocht is mear as in meidieling. Nummer 4: Mefrou Veldstra fynt dat it skriuwen fan it C.A.D. Fryslân eins yn'e ôfdieling behannele wurde moat omt it ek finansjele gefol- gen foar ús gemeente hat nei it beëindigjen fan'e ISO-bydrage. Yn'e takomst is de gemeente seis ferantwurdlik foar de ferslavin- gssoarch en sil dêr ek rekken mei hâlden wurde moatte yn'e begrutting. De voorzitter zegt dat dit onderwerp zeker in de afdeling aan de orde kan komen. Voorzover er gemeentelijke verplichtingen zijn moeten die aan de orde komen in het kader van het bestuursplan. De ingekomen stukken worden, voorzover niet anders aangegeven voor kennisgeving aangenomen. 3. Mededelingen. Nummer 2: Mefrou Zijlstra seit dat har fraksje it yn prinsipe wol iens wêze kin mei de grûnferkeap. Har fraksje wol lykwols wol in foarbehâld stelle. Se fynt dat der yn de ferkeapakte in betingst opnommen wurde moat dat de grûn net trochferkocht wurde mei. Ek moat der yn stean dat de grûn brûkt wurde moat foar de bou fan in seal mei in fêste toanielakkommodaasje. De hear SBouma seit dat syn fraksje ek fynt dat de grûn net trochferkocht wurde mei. Dat twadde punt koe de hear Vellinga net garandearje dus it liket him ek net handich om dat yn de ak te op te nimmen. Mefrou Veldstra seit dat it beoardiele plan dat fêststeld is yn de riedsgearkomste fan 21 maaie lêtlyn der net mear is. Der is in folslein oar plan en dat kin neffens har fraksje net útfierd wurde. De ûndernimmer jout gjin inkelde garânsje nei de mienskip ta. De twadde fase wurdt net fêstlein yn in kontrakt. Der is gjin dúdlikheid oer de tariven. Der sille betingsten steld wurde moatte. Yn it earste plan wie der sprake fan in fêst poadium en no fan in demontabel. Alle kommisjeleden wiene net op'e hichte fan dizze nije sitewaasje en hawwe dat nije plan net beoardielje kind. Se fynt dat dizze nije plannen ek yn'e kommisje ûndersocht wurde moatte. Har fraksje giet dan ek net akkoart mei dit útstel en komt seis mei in nij útstel om de ferkeap fan'e grûn net trochgean te litten. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje der grutte muoite mei hat dat ófspraken dy't makke binne sa slupendewei troch ûnderhan- nelingen liede ta in hiel nije sitewaas je. It giet hjir om in grut terrein dat eartiids yn it grûnbedriuw fan Idaarderadiel siet en dat bestimd wie foar de sportakkommodaasjes Hy tinkt dat sa as it kontrakt no opsteld wurdt it kolleezje gjin grip genôch hat op de nije ûndernimmer om it te krijen sa't wy dat graach hawwe wolle. Der moat yn it kontrakt in boetebe ding opnommen wurde fan seker twa ton. Der is wolris faker wat bard en dêr moat jo fan leare, fandêr dit boetebeding. Dat boete beding moat ynfoarderber wêze sûnder tuskenkomst fan'e rjochter. NOTULEN.MRT/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 5