- 3 - Wethâlder Nieuwdam konstatearret dat der krityske lûden binne oangeande de ferkeap fan dizze grûn, benammen út'e hoeke fan F.N.P. De F.N.P. wol hielendal opnij begjinne. Hy is it dêr net mei iens. De hear Vellinga hat oanjûn dat hy om in tal redenen it plan net útfiere kin yn ien kear. It brief fan 6 febrewaris is dêr ek hiel düdlik yn dat hy sûnder mear fan doel is om ana- looch oan'e opsje op den doer it plan folslein út te fieren. De skepsis dy't der is oangeande de hear Vellinga dielt it kol- leezje net. Yn it earste riedsbeslút is der allinne mar praat oer in sealakkommodaasje foar 300 minsken en binne der fierder gjin beheinende bepalingen opnommen. It útgongspunt fan in seal foar 300 minsken bliuwt gewoan oerein. Allinne in boetebeding is fansels net foldwaande, der sil ek in tiidslimiet oan fêst sitte moatte. Hy wol graach yn'e tredde ôfdieling de ferkeapakte be- sprekke. De hear Vellinga hat oanjûn dat hy no net in fêst poa- dium der delsette kin. Mar hy hat yn'e tredde ôfdieling genôch düdlik makke dat hy de fêste toanielakkommodaasje ek meitsje sil. It giet hjir om in meidieling en as de ried wat oars wol sil it riedsbeslút ynlutsen wurde moatte. Hy fielt dêr net foar omt hy dan ek it ien en oar fan'e ûndernimmer ferwachtet. Mefrou Zijlstra seit dat har fraksje útgiet fan'e goede yntinsje dy't sprekt út dizze meidieling en itjinge de wethâlder sein hat. It liket har hiel goed dat yn'e tredde ôfdieling besjoen wurdt oft yn de ferkeapakte wol de betingsten opnommen binne dy't de ried no stelt en dat dan it beslút nommen wurdt om de ferkeap trochgean te litten. De hear Breeuwsma seit dat hy fynt dat der foar it boetebeding seker net in langere tiid as 5 jier nommen wurde moat. Der komt de ûndernimmer gjin kwea fan oer, want as hy gewoan syn ferplich- tingen neikomt is der neat oan'e hân. De hear Van der Baan seit dat it wol sa is dat de takomstige eigener seit dat hy it plan net útfiere kin. Dan is der dus wol düdlik sprake fan in folslein nij plan. Hy hat der grutte beswie ren tsjin dat de kommisje net ynljochte is oer dit nije plan. Sa't it no is komme we yn in folslein nije sitewaasje en syn fraksje kin dan ek net meigean yn dizze ferkeap. Oan in tasizzing fan de hear Vellinga om op den doer in fêste toanielakkommodaasje te meitsjen moat dan wol seker in boetebe ding fêstkeppele wurde. Yn de tredde ôfdieling hat de hear Vellinga ek gjin tasizzing dien. Dan bouwe we hiel düdlik op driuwsân as we mei de hear Vellinga yn see gean. Hy fynt it ek opfallend dat by de stikken it brief fan Pleatslik Belang net oanwêzich is. Pleatslik Belang hat ek beswieren makke. It giet de minsken om in goede toanielakkommodaasje en dy ûntstiet der net. As dit plan sa trochgean soe geane we op de ferkearde wei. Alle plannen dy't der oant no ta west ha moatte wer neist elkoar lein wurde en de sitewaasje moat op'e nij besjoen wurde. We moatte dus fanôf in nulsitewaasje begjinne. Hy fynt dat it beslüt mar ynlutsen wurde moat. De hear SBouma is it net mei de hear Van der Baan iens dat it hjir giet om in folslein oar plan, de plannen binne allinne wat lytser fan opset. De hear Vellinga kin foldwaan oan'e ütgongspun- ten. It feit dat der dan earst in demontabel toaniel komt hâldt net yn dat der gjin knap toanielstik opfierd wurde kin. Der wurdt al sa lang praten, it is no tiid troch te pakken. NOTULEN.MRT/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 6