GEMEENTE BOARNSTERHIM 24. Utstel ta it fêststellen fan beliedsútgongspunten ta de realisearring fan in atletyk- en iisbaan yn it plan Meinga. Oan'e gemeenteried. Grou, 16 april 1992. Yn de riedsgearkomste fan 17 maart ha wy by de meidielings praat oer de fierdere gong fan saken oangeande de oanfraach foar it realisear- jen fan in atletyk-en iisbaan yn it plan Meinga. By dit punt ha wy it inisjatyf-ütstel fan de F.N.P. beflapt. Jim wienen it yn mearheid mei üs iens, dat op dat stuit noch gjin beslüt nonnen wurde koe. Wy ha doe tasien, dat ein maaie wy safier ré wêze soenen, dat behanneling yn in ôfdieling plak fine koe. By de tarieding fan de plannen hat út in petear mei in delegaasje fan de "Stichting Sportcentrum Grouw" üs bliken dien, dat der nochal wat tûkelteammen binne. De Stichting giet der fan út, dat de gemeente folslein de realisear ring en it ûnderhâld foar har rekken nimme sil. Fansels bliuwt de jildelike tasizzing fan'e stichting stean. Doe't wy ferline jier it petear mei de Stichting útein set binne ha wy sein, dat realisearring en ûnderhâld foar rekken fan de oanfregers komme moast. Op basis dêrfan ha wy ek de meiwurking jün oande wurkg- roep plannen te üntwikkeljen en dy ek te besiferjen. Us tinkwize wie doe, dat as immen seis foar de oanlis betellet, en ek soarch draagt foar it ûnderhâld, de gemeente dêr ek mar in hiel lyts bytsje mei te réden hat. Dat is no folslein oars en freget nei üs betinken dan ek in hiele oare oanpak. As wy tajaan sille oan de tinkwize fan de Stichting, dan sille wy ek ferantwurdlikens drage moatte foar de kwaliteit fan it ûntwerp en de priisberekkening. Dêrnjonken sille wy ek berekkenje moatte, wat de ûnderhâldskosten binne nei de realisearring. Soks freget in protte mear tiid as der efkes nei sjen, en wat rânebetingsten oan te jaan. Wy sille dat wurk ütbesteedzje moatte, en dat freget ek al wer jild. Op grûn fan boppesteand ha wy üs jitris bûgd oer de oanfraach. De ried hat him yn it ferline ütsprutsen foar in realisearring fan in ienfâldige atletykfersjenning yn it plan Meinga. Oer de realisearring fan in iisbaan is nea sprutsen. VSAHAPR/H/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 78