- 2 - Fansels binne wy ek fan betinken, dat in nije iisbaan yn it plan Meinga moaier wêze soe as de besteande. Tagelyk binne wy fan betin ken, dat de needsaak fan ferpleatsing net sa tige grut is, yn elts gefal net grut genoch om dêr by foarrang gemeentlik jild yn te stek ken. Wol binne wy fan betinken, dat wy de ûndergrûn wol oankeapje moatte, sadat op koarte termyn soks dochs wol mooglik is. De oanlis sil nei ús betinken troch de gebrûker seis betelle wurde moatte. It foarlizzende plan fan de atletykbaan is folslein, de ynrjochting is foar safier as wy it oersjen kinne kompleet. Neffens üs is realisearring fan it hiele plan net datjinge, wat ús eartiids foar eagen stie. As it realisearre wurde kin soe it moai wêze, dêr net fan, mar moat de gemeente no wier dat allegearre dwaan? Wy tinke fan net, en dogge jim dan ek it útstel no al te besluten dêr gjin finansjele meiwurking oan te ferlienen. Wol binne wy fan betinken, dat de ûndergrûn oankocht wurde moat, en dat wy gebrûk meitsje moatte fan de wurk mei wurk sitewaasje. Op dy wize kin it fondamint fan it letter te meitsjen sportfjild lein wurde. Dit kin troch de oannimmer te freegjen de yn syn bestek neamde ferplichting fan it meitsjen fan in greide op de âlde hichte, wat oan te passen. Wy tinke oan in hegere oanlis fan de greide, gjin grep pels, mar in drainaazje, en fansels yn de plattegrûn sa as nedich is foar in atletyk fersjenning. Mei de oankeap fan grûn, en it ekstra wurk sa as omskreaun, tinke wy in bedrach fan f 215.000,00 nedich te hawwen. De atletykferiening kin dan seis stap foar stap los mei in stadige opbou fan it fjild en oare ombollings. Wy witte fansels, dat beslútfoarming yn gearhing mei de behanneling fan it bestjoersplan better wêze soe. Dat ha wy jim seis útsteld yn de riedsgearkomste fan maart. Dêroan fêsthâlde soe lykwols betsjutte, dat der jild útjûn wurde moat foar ûndersyk, wat yn üs eagen weismiten jild wêze sil. Dêrom no it ütstel oan jim it inisjatyf ütstel fan de F.N.P. net te stypjen, en de yntinsje út te sprekken op tige beheinde en boppesteande wize meiwurking te jaan oan de realisearring fan it fondemint fan in atletykbaan. In definitive kredietoanfraach wolle wy lyk mei de behanneling fan it bestjoersplan dwaan. As út it wurk fan de rykswei blykt, dat soks earder moat, sille wy dat dwaan. Dit ütstel is bepraat yn in ekstra gearkomste op 15 april fan de tredde ófdieling. De brief fan de "Stichting Sportcentrum Grouw" fan 15 april is troch de ferstjintwurdiger fan de Stichting taljochte. Fierders is de nedige technyske ynformaasje en in taljochting jûn oer de needsaak en kosten fan in ûndersyk nei de kwaliteit en kosten fan in folsleine atletykfersjenning. In offerte dêroer ha wy by de stik ken dy't op besjen lizze dellein. De leden fan de ófdieling hienen twifels by it ütstel fan it kol- leezje, en woenen oerlis mei de fraksjes foardat in ütspraak dien wurde koe. Troch de foarsitter is oanjün, dat as de ried tinkt oer de realisear ring fan in folsleine fersjenning, der jild (sa'n f 30.000,00) op kleed komme moat foar dit ündersyk. Boargemaster en wethâlders fan'e gemeente Boamsterhim, de siktaris, de boargemaster, mefr. A.M.E. van der Sluijs. B.G. Holtrop. VSAHAPR/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 79