- 4 - Der barre neffens him beslist gjin rare dingen en de hear Vel- linga moat de kâns hawwe. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat it allegear kleare jildfergriemerij is. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie akkoord kan gaan met de verkoop mits de door de heer Breeuwsma genoemde voorwaarde is opgenomen in de verkoopakte. Wethâlder Nieuwdam seit dat it net wier is dat der no sprake is fan in folslein nij plan. It giet om in plan dat no earst foar in part ütfierd wurdt. Der is doedestiids in kommisje ynsteld om nei te gean wat de mooglikheden wiene foar in seal foar 300 minsken. Dy kommisje hat in rapport ütbrocht en op it momint dat de ried syn miening kenber makke hat en dat der in riedsbeslút is kin achte wurde dat de kommisje syn wurksumheden dien hat. De kommisje hoecht dan no ek net byelkoar roppen te wurden. De hear Van der Baan ynterrumpearret dat it wol in handige set is fan de wethâlder om op it momint dat der in folslein nij plan is te sizzen dat it gjin nij plan is. Wethâlder Nieuwdam bestriidt dat der in folslein nij plan is. Hy jout it Grou te dwaan om no wer hielendal fan foaren óf oan te begjinnen. Hy tinkt dat der yn it jier 2000 dan noch gjin Seal 300 is. Yn de ferkeapakte sil fêstlein wurde dat de grûn allinne mar brûkt wurde mei foar doelen sa as yn it oarspronklike plan opnommen binne. Yn de petearen mei de hear Vellinga is dúdlik wurden dat hy gjin garânsjes ôfjaan kin wat de tiid oanbelanget. Uteraard is it sa dat hy dernei ta wurket om binnen in ridlik tal jierren it folweardige projekt der delset is. Hy wol bést noch wer mei de hear Vellinga prate oer it opnimmen fan in klausule oangeande in boetebeding fan twa ton. Mar der moat net fergetten wurde dat dit foar de hear Vellinga ek de nedige konsekwinsjes mei him meibringe sil. Mefrou Zijlstra seit dat har fraksje fêsthâldt oan de betingsten dat de grûn net trochferkocht wurde mei en dat der in fêste toanielakkommodaasje komme moat. Wethâlder Nieuwdam seit dat de betingst dat de grûn net trochfer kocht wurde mei yn'e ferkeapakte opnommen wurde sil. De fêste toanielakkommodaasje sit as einfoarm yn it bouplan as sadanich. Hy freget him óf yn hoefiere dat noch in kear swart op wyt fan de hear Vellinga frege wurde moat. De voorzitter concludeert dat de F.N.P.-fractie van de verkoop wil afzien en hij vraagt of dat voorstel voldoende steun heeft om in stemming te komen. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje dat útstel stypje sil as der gjin boetebeding fan twa ton opnommen wurdt in de fer keapakte De hear Van der Baan freget de gearkomste efkes te ûnderbrekken. De voorzitter schorst de vergadering om 20.10 uur voor overleg. Hij heropent de vergadering om 20.20 uur. NOTULEN.MRT/H/A

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 7