- 5 - De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it útstel om de ferkeap net trochgean te litten ynlükt. Mefrou Zijlstra seit dat nei oerlis alle fraksjes akkoart gean kinne as der yn'e ferkeapakte opnommen wurde sil dat de grûn net trochferkocht wurde sil en dat der in fêste toanielakkommodaasje komt yn'e seal. De twadde fase moat yn 5 jier ütfierd wurde. Dêrom moat der in boeteklausule fan twa ton opnommen wurde. Dit liket har alles ridlik ta omt de hear Vellinga ek seis oanjûn hat dat dit mooglik en helber is. De hearen Breeuwsma en SBouma sizze dat harren fraksjes sa akkoart gean kinne. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje ree is dit útstel oer te nimmen. Nummer 3: De hear Van der Baan seit dat yn maart 1989 yn de ried praten is oer de ferbettering fan de fjildsportakkommodaasje. De konklüsje wie doe dat der te min jild wie om de winsken op it mêd fan'e fjildsporten út te fieren. De ried hat doe it beslút normen om by de ynrjochting fan Meinga rekken te hâlden mei de ferpleat- sing fan alle sporten nei dat kompleks. Earst soe dan it komp- leks Troelstrawei rekonstruearre wurde. Der waard ek in hege prioriteit jûn oan de oanlis fan in atletykbaan. Dat soe ta utering brocht wurde yn de mearjierrenrûzing. Op dit stuit lizze der kânsen om útfiering te jaan oan'e oanlis fan'e atletykbaan mei de iisbaan. As we dêr no ta beslute soene snijt it mes oan twa kanten. Yn ferbân mei de oanlis fan rykswei 32 kin der nam- mentlik wurk mei wurk makke wurde en dat smyt it grutte bes- parring op'e kosten op. As de atletykbaan no net oanlein wurdt is hy bang dat de atletykbaan wol hielendal fergetten wurde kin. Troch de oanlis fan'e atletykbaan wurde ek de fjilden oan'e Troelstrawei ûntlêste. Op dit stuit is der jild foar hannen. De opbringst fan Yn'e Lijte soe neffens syn fraksje foar in part brûkt wurde kinne. It jild wurdt dan ommers ek brûkt foar nije toeristyske as rekreative ûntjouwingsIn bedrach fan trije ton, sa't it Sportsintrum dat graach wol soe de oanlis mooglik meitsje. De stichting hat op dit stuit al hiel wat wurk dien en dat moat o sa wurdearre wurde. It besparret ommers ek hiel wat amtlike oeren en it hâldt neffens him ek in wichtige besuniging op it gehiel yn. Hy tinkt dat it net needsaaklik is op it best- joersplan te wachtsjen omt it jild fan Yn'e Lijte net op'e begrutting stiet. Hy sjocht graach dat de ried no in prinsipe- beslút nimt oer it beskikber stellen fan trije ton om de oanlis fan'e atletykbaan mooglik te meitsjen. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie ook hoopt dat het col lege inspeelt op de situatie van werk met werk maken. Ze wacht in eerste instantie op het advies van het college. De hear Renia seit dat der in prinsipe-útspraak fan'e ried leit om yn 1992 te sjen nei de mooglikheden fan realisaasje fan de atletykbaan en dat der doe tocht waard oan'e wurk mei wurk- sitewaasje sa't dy him no ek foardocht. It is ek opnommen yn it kolleezjewurkprogramma, dus op himsels kin polityk besjoen sein wurde dat de ried dit wol. NOTULEN.MRT/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8