- 7 - As der by de gemeente wat stikken giet dan wurdt dat ferfongen want it wurk moat al trochgean. No is dit wol net op it gemeente- kantoar mar elkenien is fan betinken dat de Stim yn'e loft bliuwe moat. Hy fynt it aardich fan it kolleezje dat dy freget, dat mocht der wat barre hy de Boarnsterstim helpe mei. Syn fraksje giet dan ek akkoart mei it útstel. Wethâlder Nieuwdam konkludearret dat de ried ienriedich is as it giet om de strukturele bydrage, dy moat besjoen wurde yn it ramt fan it bestjoersplan. Dit ütstel fan it kolleezje komt no krekt tefoaren dat de ried allinnich foar de Boarnsterstim byelkoar komme moatte soe, sa as it C.D.A. dat wol yn it gefal fan in kalamiteit. Ut kontakten mei de Boarnsterstim docht bliken dat it net sa is dat de útstjoeringen moarn al ophâlde moatte. Dêrom is der oant no ta ek noch net in bedrach ütlutsen en kiest it kolleezje foar de formule sa't dy yn it ütstel neamd wurdt. Hy kin dan ek net it ütstel fan it C.D.A. stypje. As der troch it bestjoersplan f. 5000,00 oan de Boarnsterstim jün wurdt dan sil by de behanneling fan it bestjoersplan mar de ófwaging makke wurde moatte hoe't dêr mei omgien wurde moat. De hear Breeuwsma freget om in tydlike ünderbrekking fan'e gearkomste foar oerlis. De voorzitter schorst om 20.30 uur de vergadering voor overleg. Hij heropent de vergadering om 20.40 uur. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het voorstel hand haaft om nu f. 5000,00 aan de Boarnsterstim te geven en dat be drag te dekken uit het Cultuurfonds en de intentie uit te spre ken dat er in het kader van het bestuursplan gekeken zal worden naar een strukturele bijdrage. Mefrou Santema stipet dat ütstel. Sy is fan betinken dat de Boarnsterstim krekt as it museum it jild hurd nedich hat. De hear SBouma seit dat de rest fan'e V.V.D.fraksje it kol- lezje-ütstel stipet. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje it ütstel fan it C.D.A. stipet. De hear Renia seit dat syn fraksje keazen hat foar it oanlizzen fan twa needferbannen foar it museum en de Boarnsterstim. By it bestjoersplan kin in strukturele bydrage oan'e oarder komme. Hy stipet it kolleezje-ütstel. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje de bydrage keppele hat oan technyske omstannichheden by de Boarnsterstim. Sa as it C.D.A. dat wol giet it om in subsydzje ta algemien nut. Hy tinkt dat dat yn tsjinspraak is mei wat it kolleezje wol. De Boarnsterstim kin him fine yn de wurkwize fan it kolleezje. Hy sjocht dan ek gjin reden it ütstel fan mefrou Van den Berg oer te nimmen. De voorzitter zegt dat tot stemming kan worden overgegaan. Eerst over het voorstel van het C.D.A. om ongeclausuleerd f 5.000,00 aan de Boarnsterstim te geven. NOT.APR/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 10