- 12 - De gemeente is fan doel safolle mooglik ûnderhâld óf te stjitten en syn fraksje kin him dêr wol yn fine. Yn dit gefal soe dat betsjutte dat de stichting de ûnderhâldskosten betellet. De fisy fan'e sportstichting is wol oars. De stichting tocht dat de ge meente de atletykbaan oanleit en it ûnderhâld foar syn rekken nimt. Syn fraksje is fan betinken dat der ündersocht wurde moat wat no krekt de kosten binne en hoe't de ferdielkaai wêze moat. Der moat ek in ütspraak komme oer de begrutting fan'e sportstichting en der moat besjoen wurde hokfoar technyske foarsjennings der nedich binne. It liket him ta dat der earst in ündersyk komme moat sa as ek al yn it útstel neamd wurdt. Hy freget him lykwols óf oft dat dan wol f. 30.000,00 kostje moat, kin it net ta mei in globaal ündersyk foar de earste fase. Mefrou Veldstra seit dat de ried fan Boamsterhim yn maart 1989 de yntinsje ütsprutsen hat om yn 1992 in atletykbaan oan te lizzen. Yn febrewaris fan dit jier hat har fraksje in ynis- jatyfútstel yntsjinne om fanwegen it wurk oan rykswei 32 de oanlis fan de atletyk- en iisbaan foar in skaplike priis út te fieren. Elts is fan miening dat der gebrûk makke wurde moat fan'e wurk mei wurksitewaasje wat ek noch in finansjele mei- falller opsmyt. It kolleezje stelt út dat de ûndergrûn oankocht wurdt en it fondamint lein. Neffens har is dat heal wurk. It útstel fan har fraksje wurdt net stipe mar hie neffens har wol yn'e diskusje komme moatten. De sportstichting hat yn har léste skriuwen fan april útstellen dien dy't op'e nij yn it kolleezje besprutsen wurde moatte. It ündersyk dat it kolleezje útstelt is neffens har fraksje jildfergriemerijAl jierren is der ommers ündersyk dien troch betüfte rekkenmasters yn'e sportstichting. Se freget oft der miskien gjin betrouwen is yn'e gearstallers fan it ündersyk fan'e stichting. Har fraksje stelt út dat it kolleezje syn útstel weromnimt, de grûn alfêst oankeapet en opnij mei de stichting om'e tafel giet om it plan fierder út te wurkjen. De hear Renia seit dat dit yn syn fraksje in dreech punt wie. In atletykbaan op Meinga soe hiel moai wêze mar hat twa ynfals- hoeken. De earste kin gearfette wurde ûnder de kop: wat heal kin moat hielendal dien wurde, dus sawol atletyk- as iisbaan oan- lizze. Yn 1989 is oanjûn dat de atletykbaan in spearpunt yn it kolleezjewurkprogramma is. No oanlizzen skeelt de gemeente twa ton troch dat der wurk mei wurk makke wurde kin. As léste ar- gumint kin sein wurde wa docht der no heal wurk. As it net slagget dit wurk óf te meitsjen leit der jierren in heale at letykbaan. In aspekt dat ek meitelle kin is dat in folsleine atletykbaan sa moai ticht by sporthal en swimbad ek tóant fanóf de rykswei. De oare ynfalshoeke is gear te f ets jen ûnder de kop: "wie zal dat betalen". Likegoed kostet it de gemeente op syn minst 4,5 ton. En dan it ûnderhald yn'e takomst, hoe sit dat. Hoe kin ien en oar yn't lyk brocht wurde mei de besunigings dy't grif ferbûn wêze sillen oan in nije bestjoersplan. Hoe kin ien en oar ridlik ôfwûgen wurde. Dat kin as der in oersjoch is fan alle sifers, dus by it bestjoersplan. It is foar syn fraksje ek noch in fraach oft der dan in goed sicht is op alle kosten. Alles oerweagjend kaam syn fraksje ta de konklúzje dat yn earste ynstansje fanwegen de wurk mei wurksitewaasje grien ljocht jûn wurdt foar de oanlis fan it fondamint fan atletyk- en iisbaan. De útfiering kin lykwols net earder as yn'e hjerst. NOT.APR/H/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 15