- 13 - Dêrom wol syn fraksje goed ûnderboude sifers en plannen hawwe foar it gehiel. Dat is net omt de sportstichting net betroud wurdt raar omt dy sifers beheind binne ta de oanlis fan in at letykbaan. Sifers oangeande ûnderhâldskosten ensafuorthinne hat hy net sjoen. Hy wol graach witte wat it gehiel kostet, oft der ek oare mooglikheden en hoe't it mei it ûnderhâld sit. Syn fraksje wol in deeglik ûndersyk. Oan'e hân fan dit ûndersyk wol syn fraksje yn it totaal fan'e ôfwagings yn it bestjoersplan ta in beslút korame. Trouwens, raoat der ek net in advys fan'e Sport- ried korame. Mocht bliken dwaan dat de atletykbaan finansjeel in maat te grut is foar ús gemeente dan hâldt de ried him ek noch foar om de oanlis fan it fondamint óf te blazen. De ûnderhâldssitewaasje moat ek yn'e brede ófwaging fan it bestjoersplan besjoen wurde. Underhâld is net fanselssprekkend foar de gemeente. De hear Breeuwsma fynt dat der absoluut neat konkreets by it ütstel is. Dit útstel is mear in filosofy fan sa soe it wolris kinne. Sa wurdt it hiel dreech foar syn fraksje om in dúdlik stânpunt yn te nimmen. Ofdielingsgearkomsten binne der neffens him foar om te filosofearjen, net de riedsgearkomsten. Dêr hearre besluten te fallen. Hy hie ferwachte neidat der al in basisbeslút leit ta de oanlis fan in atletykbaan dat it kol- leezje komme soe mei konkrete plannen, in goede finansjele ûnderbouwing en de dekking. It ütstel sa't dat der no leit is net in riedsgearkomste wurdich. Wethâlder Nieuwdam seit dat oer de atletykbaan de léste moannen al hiel wat sein is. Al yn 1989 hat der in wiidweidige diskusje yn'e ried west, mar de ried hat doe net yn finansjele sin de hân útstutsen. Nei dy diskusje hat de sportstiching yn Grou net stilsitten en is mei it each op'e wurk mei wurksitewaasje oan it wurk gien. De stichting hat der hyltiten op oanstien dat de wurk mei wurksitewaasje in fûgel is dy't net oer it net fleane mei. Koartlyn hat de F.N.P.fraksje ek in ütstel dien. De léste wiken binne der yn en bûten it kolleezje in protte petearen west en dat wie ek wol nedich omt de saak echt net sa maklik leit. It giet der no om hoefier de gemeente finansjeel sjoen springe kin, wat is krekt de needsaak en wat is it ferlangen fan'e sportstich ting. It kolleezje wol no, mei it each op'e wurk mei wurksitewaa sje de grûn keapje en it fondamint lizze. Op dit stuit is de finansiering net ófdutsen, dat sil besletten wurde by it best joersplan. Dêr sil definityf praat wurde oer it al as net oanliz- zen fan in atletykbaan omt dan bekind is wat de finansjele mooglikheden binne. As der oant it bestjoersplan neat dien wurdt soe dat betsjutte kinne dat de wurk mei wurksitewaasje üs foar- bygiet. De ried moat dêrom jûn in prinsipebeslüt nirame. Troch de P.v.d.A. en de V.V.D. wurdt oantrune op in ûndersyk nei de technyske en de finansjele aspekten fan de oanlis fan in atletyk- en iisbaan. Hy tinkt ek dat it de plicht fan de gemeen te is, mei alle wurdearring foar de sportstichting, de saak hiel kritysk te besjen. It kolleezje is fan miening dat de oanlis fan'e atletykbaan net dutsen wurde moat üt'e opbringst fan Yn'e Lij te omt ófsprutsen is dat de opbringst fan Yn'e Lij te foar be paalde doelen bestege wurde sil. De sport wie der net by. Hy fynt it tige wichtich om fan'e ried te fernimmen hoe't dy tsjin it kolleezje-ütstel oer- stiet, sadat ek yn'e atletykwrâld düdlik wurde kin dat der foardat de atletykbaan realisearre wurdt der noch in hiele protte horden noramen wurde moatte. NOT.APR/H/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 16