- 14 - It is ek noch hyltiten sa dat yn july by it bestjoersplan de atletykbaan ien fan de saken wêze sil dy't ôfwûgen wurde moatte sil. Hy seit dat mei klam omt hy gjin falske ferwachtings wekke wol. De hear Van der Baan fynt dat it ütstel dizenich bliuwt. Hy freget wat no eins de beliedsütgongspunten binne. Hy krijt dúdlik de idé, ek út'e wurden fan'e oare fraksjes, dat der in wiziging yn it sportbelied ta stân kommen is. Oant no ta hat it sa west dat ûnderhâld en oanlis troch de gemeente dien waard. Kantines en sa wiene foar rekken fan de ferienings. It ütstel oannimmen hâldt yn dat in wiziging fan it sportbelied fêststeld wurde moat. Hy konstatearret dat der no in düdlik ferskil fan ütgongspunt bestiet tusken de gemeente en de sportstichting. Wêrom is der eins in foarûndersyk nedich as it sportsintrum al hiel düdlik en detaillearre in ündersyk dien hat. Hy tinkt dat folstien wurde kin mei it neirinnen fan'e gegevens út dat ünder syk. Hy is bang dat as der mei it definitive beslüt wachte wurdt oant it bestjoersplan de hiele saak likegoed no ôffluite wurde kin. Syn fraksje wol it bûten it bestjoersplan hâlde. It jild fan Yn'e Lij te is bestimd foar rekreative doelen. It bestimme foar in atletykbaan is miskien in wat romme ynterpretaasje mar yn de oanlis fan rioalearings is it rekreative doel ek fier te sykjen. It is in kwestje fan no of nea. It bestjoersplan docht oan'e feitlike sitewaasje fan it nimmen fan in beslüt neat ta as óf. Hy fynt dat it kolleezje de saak op'e lange termyn skoot. De hear Renia hat gjin antwurd krigen op de fraach oft de Sport- ried ek om advys frege wurde moat. Hy wol der wol op wize dat de diskusje fan jün oer hoe't it no eins moat in gefolch is fan it feit dat der noch altiten gjin sportnota is. Syn fraksje giet wol akkoart mei it kolleezje-ütstel en tinkt dat der no alêst sein wurde moat tsjin dejinge dy't eventueel yn de wurk mei wurksitewaasje it fondamint oanlizze moat dat er risselwaasje meitsje moat. It hâldt noch net yn dat de atletykbaan der komt, mar as op it bestjoersplan wachte wurdt binne we te let. Der moat yn elts gefal folie mear düdlikheid komme oer de sint eraasje yn al syn fasetten. Hy wol dêrom in breed ündersyk mei mear ünderdielen as dat fan'e sportstichting. Jo kinne better twa kear ündersykje as dat jo aanst mei in dikke strop sitte. De hear SBouma seit dat syn fraach oer de kosten fan it ünder syk, kin it ek foar minder, net beantwurde is. De hear Breeuwsma tinkt dat de wethâlder de koal en de geit bei de sparje woe yn syn antwurd. Dat hy oanstjoerd op in beslissing by it bestjoersplan jout hjoed neat. Mei prinsipeferhalen konme we ek gjin stap fierder. Wurdt de grün oankocht, wurdt der dek king oan jün, wurdt it wurk mei wurk ütfierd, dêr wol hy graach antwurd op hawwe. Hy fynt dat de ried de dekking ek oanj aan moat, dat risiko moat, fynt hy, mar nommen wurde. Der is op dit momint mar ien dekking en dat is út it grünbedriuw. De grün, dy't eins bestimd wie foar sportaktiviteiten stie op f. 1,00 en is nei de hear Vellinga gien. Dus it hindert net dat dit út it grünbedriuw dekt wurdt. De voorzitter schorst de vergadering op 21.55 uur voor overleg binnen het college. Hij heropent de vergadering om 22.20 uur. N0T.APR/H/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 17