- 15 -
Wethâlder Nieuwdam seit dat der al wol wat dien is oan'e bel-
iedsútgongspunten oangeande it ûnderhâld fan sportakkommodaas-
jes. Hy tinkt dêrby oan'e tennisbanen, dy't op ien nei allegear
yn ûnderhâld binne by de ferienings. Hoe't dit fierder gean moat
sil diel útmeitsje fan'e diskusje by it bestjoersplan.
It ûndersyk nei de ferskate aspekten oangeande it ûnderhâld is
om fêst te stellen wat de effekten binne foar wa dan ek. De
sportstichting hat al in ûndersyk dien, mar it is ek dúdlik de
ferantwurdlikheid fan'e gemeente om aanst op grûn fan goede gege
vens in beslút nimme te kinnen. It ûndersyk sil ynhâlde in
ûndersyk nei de boaiemgesteldheid, der sil neigien wurde wat it
program fan easken is en it sil in beoardieling fan'e behearskos-
ten ynhâlde. Der sil goed oerlis mei de sportstichting wêze.
Foar it besteegjen fan jilden út Yn'e Lij te hat it kolleezje be
paalde útgongspunten. As de ried fynt dat dy útgongspunten
feroarje moatte dan moat dêr oer praten wurde. It punt fan: no
of nea leit net yn dizze gearkomste mar yn'e gearkomste fan ein
juny of begjin july as alle gegevens beskikber binne. Hy tinkt
dat der hiel soarchfâldich nei in beslút tawurke wurdt en hy soe
net graach wolle dat der jûn al in beslút nommen wurdt oer it al
as net oanlizzen fan in atletykbaan sûnder dat de kondysjes
dêrfoar oanwêzich binne. Der is gjin relaasje tusken sport-
foarsjennings en it grûnbedriuw en it liket him net goed de grûn
út it grûnbedriuw oan te keapjen. Oer hoe't de grûn oankocht
wurde moat sil ek ein juny in beslút nommen wurde moatte.
It kolleezje sil noch mei de Sportried yn petear. It is in gege
ven dat der op dit stuit net in sportnota is, mar hy wol ek net
safier gean om ta te sizzen dat dy der oer twa moannen wol is.
De kosten fan it ûndersyk sille maksimaal f. 30.000,00 bedrage.
Mooglik kin it foar in leger bedrach. De dekking wurdt fûn yn it
fûns sportfoarsjennings Meinga.
De hear Breeuwsma fynt dat as de wethâlder sa ûndúdlik bliuwt en
gjin dekking oanjaan wol hy ek it rjocht net hat om oer de
oankeap te ûnderhanneljen, omt der dan sprake is fan in hiel
ûnsekere basis.
De hear SBouma seit dat syn fraksje de yntinsje fan it útstel
wol mei it kolleezje diele kin.
De hear Van der Baan fynt it o sa teloarstellend wêr't it kol
leezje no mei kont. Hy bliuwt derby dat hy it in frjemde saak
fynt om f. 30.000,00 út te lûken foar in ûndersyk. Benammen ek
omt der fia de atletykuny hiele goede advyzen te krijen binne.
Hy hâldt de bittere smaak dat as it sa giet as no útsteld wurdt
der neat telâne komme sil fan in atletykbaan. Syn fraksje fielt
der neat foar om f 30.000,00 út te lûken foar in ündersyk omt
hy tinkt dat der in folie bettere wize is. Wat de rest fan it
útstel oanbelanget: it is net oars. Spiticht dat it sa gongen is
en dat it kolleezje net dúdliker en helderder wêze wol.
De hear Renia seit dat yn'e ôfdieling ferteld is dat de oanlis
fan in toplaach f. 230.000,00 kostet. De atletykferiening sil
dat net betelje kinne. As de gemeente it seis dwaan sil kostet
de atletykbaan al gau 4,5 ton. Dat feit moat ôfwûgen wurde tsjin
oare sportfoarsjennings oer. Dy beide ynfalshoeken hawwe der ta
laad dat syn fraksje wol dat alles nochris goed op sifers setten
wurdt. As de atletykuny it goedkeaper dwaan kin moat dat fansels
altiten wêze.
N0T.APR/H/15