GEMEENTE BOARNSTERHIM 13. Utstel om it fêststellen fan in plan fan nije iepen- biere en bysûndere basis- skoallen benefter te litten. Oan'e gemeenteried Grou, 15 maaie 1992. Yn jimme gearkomste fan 20 maart 1984 hawwe jimme, ünder wurklist- nûmer 27, besletten om de iepenbiere beuker- en legere skoallen, dy't op 1 jannewaris 1984 yn ús gemeente oanwêzich wiene, yngeande 1 augustus 1985 om te foarmjen ta 12 iepenbiere basisskoallen. Derby is der fan út gien, dat 12 iepenbiere basisskoallen goedernôch binne om it iepenbier ûnderwiis yn ús gemeente te folgjen. By dat riedsbeslút is teffens in spriedingsplan fan'e iepenbiere basisskoallen oer de gemeente tafoege. It riedsbeslút fan 20 maart 1984 is op 26 juny 1984 troch Deputearre Steaten fan Fryslân goedkard. Neffens de Wet op it Basisûnderwiis kin in nije iepenbiere en in bysûndere basisskoalle allinne bekostige wurde, wannear't dy skoalle foarkomt op in plan fan nije skoallen, dat foar de oanbelangjende ge meente fêststeld is. Yn dat ramt moat de gemeenteried alle jierren in plan opstelle, dat 3 skoallejierren efterinoar omfiemet. Yn dat plan wurdt oanjûn hokker iepenbiere en bysûndere skoallen oan it begjin fan it earste skoaljier en hokker skoallen letter foar be kostiging yn oanmerking komme sille. Dat plan moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. De planproseduere, dy't yn dat ferbân foarskreaun is, is dellein yn'e kêsten 53 oant en mei 64 fan de Wet op it Basisûnderwiis De planproseduere skriuwt ünder oaren foar, dat boargemaster en wethâlders foar 1 july oan'e ried útstelle om iepenbiere skoallen yn it plan op te nimmen. Fierders kin it foechhawwende gesach fan in bysûndere skoalle foar 1 april de gemeenterie it fersyk dwaan om har ren skoalle yn it plan op te nimmen. Yn kêst 63 fan de W.B.U. wurdt lykwols bepaald, dat it fêststellen fan in skoalleplan benefter bliuwt, wannear't gjin fersiken foar opnimming yn it skoalleplan ynkommen binne of de gemeenteried beslet ten hat, dat it fermearderjen fan it tal iepenbiere skoallen yn'e planperioade net nedich is om foldwaande iepenbier ûnderwiis folgje te kinnen. Ek dat beslút moat goedkard wurde troch Deputearre Steaten. AHVRDM.MEI/H/l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 54