- 6 - De begrutting is makke op basis fan'e nulline en alle saken dy't dêr oerhinne konxne sille meinommen wurde moatte yn it bestjoers- plan. Dan sille ek de effekten foar de mearjierrenraming bekend wurde. In tal saken hawwe te krijen mei maatregels fanút it ryk dêr't jo net ûnderút kinne. Se sil neigean yn hoefiere ek foar dit jier der in bystelling yn'e LONDO-ütkearing nedich is. As dat moat sille der yn de rin fan dit jier noch ütstellen komme oer hoe't dat ôfdutsen wurde moat. It ferfelende yn dit gehiel wie dat de berekkeningsmetoades net sa dúdlik wiene. Spitigernôch moast der ek in berop dien wurde op de reserve bysûndere bystân. Gelokkich is der noch wat jild oer fan foarich jier. De hear Van der Baan hat gelyk, it wie net de opset om dizze reserve hjir- foar te brûken. De hear Van der Baan seit dat der konstatearre wurdt dat der nochal in grut tiidrek leit tusken it momint dat de sifers foar de begrutting sammele wurde en it momint wêrop de begrutting oanbean wurdt oan de ried. Oan'e iene kant kin hy dat begripe as it giet om jildstreamen fan it ryk dêr't jo gjin grip op hawwe. Oan'e oare kant, as it him binnen de gemeentlike organisaasje ôfspilet soe flak foardat de begrutting presentearre wurdt de sifers noch wol aktualisearre wurde kinne. Mevrouw Van den Berg zegt dat in dit voorstel helemaal niet over de LONDO-uitkering wordt gesproken. Zij is er wel benieuwd naar waarom dat niet is gebeurd. Is het niet vaak zo dat als je weet dat het voor 1993 f 220.000,00 is het ook voor 1992 tenminste dat bedrag zal zijn. Zij zou het heel onaangenaam vinden als er straks weer een grote verrassing komt. Het lijkt haar beter nu alvast te weten dat er waarschijnlijk nog een tekort van f 200.000,00 op de begroting tekort is. Mefrou Santema fynt dat sysels mei ferantwurdlik is foar de ba sis fan de begrutting sa as dy no is. De begrutting op basis fan de nulline is der wol de oarsaak fan dat der net folie rek yn sit. Ek de stagnaasje yn it bestjoersplan spilet in rol. Se hat gjin antwurd krigen op har fraach oer de personielskosten en de reorganisaasj e Wethâlder Bloem seit dat de sifers fan'e begrutting wol ak tualisearre wurde. In kolleezje is wol hâlden oan de kaders dy't de ried oanjout en dat jildt dus ek foar de begrutting op basis fan de nulline. Yn it útstel wurdt wol praten oer de LONDO- ütkearing al giet it dan om in oar bedrach. Under stichtingskos tenvergoeding is f 60.000,00 opnommen. Op it momint dat dizze nota skreaun is is dit bedrach besifere en se is dan ek skrokken fan in oare berekkening dy't folie heger ütkomt. Oer de bere- kkeningswize bestiet noch in protte ûnwissichheid en men is dwaande om te achterhei jen of no ütgien wurdt fan it reële sifer. As it ek foar 1992 jilde soe sil der noch wol wat barre moatte en sil it kolleezje mei in nij út stel komme moatte. De omfang en de üteinlike risseltaten fan de reorganisaasje binne op dit stuit noch net bekind. As der mear düdlik is sil ek dat meinommen wurde moatte. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. N0T.MEI/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 9