- 6 - Sy soe graach sjen dat it kolleezje de reaksje oan it O.L.A.F. wat mear oanklaait mei de saken dy't hjir oan'e oarder kommen binne Wethâlder Nieuwdam seit de begrutting yndied yn april binnenkaam is. Troch allegear redenen is dy net op'e wurklist foar april setten as ynkommen stik. Dat is yn maaie bard. It kolleezje hat it O.L.A.F. op'e hichte brocht fan it feit dat de gemeenteried net foar 1 juny reagearje koe. Ek yn it ferline is al faak pra ten oer it weriepenjen fan'e A.V.I. Konsekwint is fanút Boarnsterhim nee sein tsjin dy weriepening. Hy sil op'e gearkom- ste ek de relaasje A.V.I. previnsje en wergebrûk op it aljemint bringe. Oer it ferwurkjen fan g.f.t.-ôffal yn Dearsum binne kontakten mei it O.L.A.F. west en hy mient te witten dat dy kontakten ta in útdragene saak kaam binne. Hy wol der wol op wize dat de gemeente Boarnsterhim gjin eigen bedriuw foar de g.ft.ferwurking oprjochtsje kin omt we fêst sitte oan it O.L.A.F. Hy tinkt dat it O.L.A.F.bestjoer earst mar ris konfron- tearre wurde moat mei it beslút ta ôfwizing fan'e begrutting troch Boarnsterhim. Seker wat it g.f.t.ôffal oanbelanget binne we wol hiel bot oerfallen mei sa'n grutte taryfsferheging. Mefrou Veldstra seit dat der dochs by it O.L.A.F.bestjoer op oantrune wurde kinne dat Dearsum as proefprojekt foar hiel Fryslân tsjinje kin. Sy freget oan de wethâlder dat op'e gearkom- ste fan it O.L.A.F. nei foaren te bringen. Mefrou Santema seit dat ús gemeente mear g.f.t.-ôffal levere hat dat ófpraten wie. Sy tinkt dat it mooglik wêze moat dat de "oerproduksje" oan g.f.t. nei Dearsum giet. It is dan miskien ek net needsaaklik it taryf sa bot te ferheegjen as no it doel is. Wethâlder Nieuwdam seit dat wy troch in mienskiplike regeling oansluten binne by it O.L.A.F. en dat betsjut dat wy ús ferpli- chte hawwe ús ôffal ynklusyf it g.f.t. oan te lever jen by it O.L.A.F. As it mooglik wêze soe dat der g.f.t. nei it proefpro jekt yn Dearsum giet dan sil dat neat betsjut te foar de hichte fan'e tariven. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 3. Voorstel tot het accoord gaan met de door het O.L.A.F. voorge stelde private rechtsvorm. Mefrou De Vries seit dat yn it einrapport fan it bedriuw dat it O.L.A.F. trochljochte hat stiet dat it O.L.A.F. net in toanbild fan slachfeardigens is. Har fraksje is it mei dy konstatearing wol iens. It is har ek düdlik dat der op dat punt wat oan'e organisaasje dien wurde moat. Se fynt it lykwols spitich dat de konklúzje yn it rapport is dat allinne yn'e private rjochtsfoarm it O.L.A.F. slachfeardich en ûndernimmend wêze kin. Neffens har hoecht in publike rjochtsfoarm soks net út te sluten as de part ners yn in mienskiplike regeling ienriedich en krêftich inselde doel neistribje. Mar de praktyk fan it O.L.A.F. is in oarenien. Foar har fraksje stiet it algemien belang foarop. Sy is dan ek fan betinken dat de sizzenskip fan'e gemeenten yn'e nije rjochts foarm garandearre wurde moat. Underfining mei ûndemimmings dêr't it saneamde struktuerrezjym fan tapassing leart dat de oerheid hyltiten mear op in ôfstân komt te stean. NOTJUNI/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 10