- 7 - It algemiene belang wurdt dan omset yn in bedriuwbelang en dat is rjochte op grutter wurde en winst. Se konstatearret no ek al in ekspânsjedrift by it O.L.A.F. It bedriuw sil mear risiko's nimme en foar dat risiko draaie wol de Fryske boargers op. Fanút bedriuwsmjittich eachpunt giet har fraksje akkoart mei it ütstel om foar it O.L.A.F. in ferswakt struktuerrezjym te folgjen. Yn dy foarm wurdt it béste garandearre dat de gemeenten sizzenskip hâlde. Boppedat hoecht it O.L.A.F. yn dy foarm gjin ekstra belesting te heffen. Har fraksje giet net akkoart mei op dy wize de Fryske boargers opdraaie te litten foar bedriuwsrisiko. In heger fermogen as 22,5 miljoen betsjut ek dat it O.L.A.F. wetlik yn it struktuerrezjyn fait en dat de ynfloed fan oandielhâlders, de gemeenten yn dit gefal minder wurdt en de ynfloed fan best- joer en kommissarissen grutter. Dat is foar har fraksje net akseptabel, benammen ek omt de gemeente dan wol oanspraaklik binne foar skea en ferlies. Sy hâldt graach lykwicht tusken sizzenskip en draachkracht. Neffens har fraksje is it ek net nedich om mei in heech eigen fermogen te wurkjen en kin folstien wurde mei it ôfjaan fan gemeentegarânsjes foar eventuele lienin- gen. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie kan instemmen met het vorstel. Zij hoopt dan een verzwakt structuurregime kan. Dat er bij het O.L.A.F. bedrijfsmatiger moet worden gewerkt is zeker. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ek fan betinken is dat it foech sa as it yn it ütstel ferwurde is by it algemien bestjoer bliuwe moat. Se giet dan ek akkoart mei it ütstel as der mar rek ken hélden wurdt mei de betingsten sa't dy yn it ütstel opnommen binne. De ynfloed fan'e gemeenten moat sa grut mooglik bliuwe. De hear SBouma seit dat hy him ek wol fine kin yn dizze foarm fan privatisearing en mei de betingsten kin syn fraksje ek ynstimme. Wethélder Nieuwdam seit dat de betingsten dy't steld binnen besjoen wurden moatte yn it ljocht fan it feit dat de gemeente op foarhén sein hat dat it foar him eins net hoecht. Yn dy sin sil hy freed dan ek dit ütstel ynbringe om mei betingsten te kom men ta in rjochtsfoarm dêr't sizzenskip ek noch wat betsjut. Hy ünderskriuwt dat der bedriuwsmjittich noch wol wat te dwaan is. Hy seit dat de ekspénsjedrift dêr't mefrou De Vries oer spruts de léste tiid al behoarlik grut west hat. It meipartisipearjen yn bedriuwen dy't wol in relaasje hawwe mei ferwurking fan óffal jout him wol de nedige soargen. Hy fynt it gjin goede saak dat it partikulier ynisjatyf hyltiten freget om bemuoiïng omt it betsjut dat de gemeenten dan in finansjeel risiko rinne dat net terjochte is. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 4. Voorstel tot vaststelling van het meerjarenprogramma van het Be sluit Rijkssubsidiëring Restauratie Monumenten voor het financie- ringsjaar 1998. De hear Oosterhof seit dat syn fraksje it hielendal mei it ütstel iens wêze kin. It is no ienkear net mooglik alles te subsidiearjen. It is spitich foar guon minsken, mar it is net oars. In oar moat ek oan bar komme kinne. NOTJUNI/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 11