- 3 - Nummer 27a en 27b: De hear G. Bouma stelt út om it útstel no te behanneljen. De hearen Van der Baan, Breeuwsma en S. Bouma stypje dit útstel. De voorzitter constateert dat deze zaak direkt zal worden behan deld. De hear G. Bouma jout in koarte taljochting. Ein ferline jier krige de ried te meitsjen mei de V.M.A.-útstellen. De ried hat doe unanym besluten om de tariven fan de lisplakken te ferheeg- jen. Achterôf moat hy mei skamte fêststelle dat dy ferheging te stüf giet. Syn fraksje fynt dat de 60% ferheging fasearre ynfierd wurde moat. Foar 1992 20% ferheging ensafuorthinne oant de 60% berikt is. Dit mei it each op de kwaliteit fan'e foarsjen ning. Oangeande de lisplakken foar de brêge yn de Groundaam waard ek it taryf fan'e iepen, frije lisplakken hantearre. Nei syn betinken net terjochte omt it lisplakken oanbelanget wêrfoar, los fan'e wetterstân, net as hast gjin foarsjennings beskikber binne. Hy wol as it útstel oannommen wurdt foar de minderopbringst dy't dan ûntstiet de reguliere reserve binnen de begrutting 1992 brüke. Ommers as net ferline jier ta taryfsfer- heging besletten wie der ek gjin mearopbringst west. It liket him wol goed dat de ferheging foar 1993 (20%) yn oerlis mei in delegaasje út'e groep hierders, analooch oan wat by it akwadukt bard besj oen wurdt om te sjen oft de ferheging fan it taryf ridlik is. Hy tinkt dan foaral oan'e lisplakken dêr't te min djipgong is om mei de boat oan'e wâl te kommen.^ Hy ropt alle hierders op wol de hier te beteljen sa't dy jûn fêststeld wurdt. As it needsaaklik is kin dan restitúsje as in kwalitative ferbet- tering fan it lisplak frege wurde. Dizze groep kin dan ek wake foar in goede kwaliteit fan'e lisplakken. It fernuvert de hear Breeuwsma wol in bytsje dat de fraksje fan'e P.v.d.A. it útstel direkt behannelje wol. Hy hie dochs earst ek wolris ôfwachtsje kinnen wat it kolleezje der fan fynt. Hy fynt eins dat dit ferhaal mear yn'e ôfdieling thúsheart. Dit is fansels in wichtige saak foar minsken dy't in boat hawwe. De hierferheging sa't dy ein ferline jier fêststeld is kin sa net fine de minsken út Grou dy't harren no openearje. Syn fraksje is fan betinken dat besluten net te gau werroppen wurde moatte. De ûnderfining dêrmei de léste tiid is net al te bést. De minsken dy't oan'e Groundaam lizze, oer it generaal lytse boatsjebesit- ters, binne wol ûnevenredich swier troffen. Hy soe de taryfsfer- heging foar harren fasearre ynfiere wolle en dat der wat dien wurdt oan'e foarsjennings. Hy is it fuortendaliks net iens mei de dekking sa't de hear Bouma dy oanjout, hy soe dér graach ris yn'e ôfdieling oer prate wolle. De hear S. Bouma fynt it in prima kompromis fan'e fraksje fan'e P.v.d.A. Hy hopet dat it ek finansjeel-administratyf op koarte termyn ófdien wurde kin. De hear Van der Baan konstatearret dat de ried yn desimber 1991 by it niramen fan dit beslút sitten hat te sliepen. It fernuvert him dat de P.v.d.A. no wol in feroaring wol. Doe't de F.N.P. dér earder ek al oer begûn wie hy de opstoker. No, foarút dan mar, it komt no teminsten wer op tafel. It útstel sa't dat no foar- leit is mear befredigjend. NOT7JULI/IA/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 16