- 5 - Earder is hy troch de groep ynformearre oer raerkpriizen dy't in soad leger lizze dan dy yn Boarnsterhim. Dan noch it ferskil tusken in plakje achter withoefolle brêgen en oan'e iepen mar. Hy tinkt dat foar in goede ôfwaging syn suggestje om in licht wurkgroepke te foarmjen dy't yn goed oerlis de priizen fêsts- telle kin meinommen wurde moat. De taryfsferheging yn 1992 yngean te litten is hiel ridlik omt de gemeente in tiidlang slûch west hat oangeande it bystellen fan hierpriizen. Natuerlik hat hy net sûnder reden foar de Groundaam in differinsjaasje oanbrocht. Dêr binne alhiel gjin foarsjenningsDêrfoar wol hy jierliks sjen nei kwaliteit fan de foarsjenning en de merkpriis. Hy merkt ek noch op dat der sa'n 15 lisplakken yn Grou fan'e Rjochte Grou oant de Groundaam net ferhierd binne. Hiene we hjir net oer praten dan hie yn 1993 ek bliken dien dat de ynkomsten dy't rûze wiene net helle wiene. Dêrmei wol hy de finansjele ünderbouwing fan it útstel relativearje. De hear S. Bouma seit dat syn fraksje him wol fine kin yn it út stel. De tariven sille en yn 1993 en 1994 20% heger moatte, dat wie ek de doelsteling. Syn fraksje wol dêr oan fêsthâlde en oerlis kin dan ek wol benefter bliuwe. It giet ommers om hierfer- hegingen dy't it gefolch binne fan it merkkonforme tinken sa t wy dat neistribje. De hear Breeuwsma bliuwt derby dat in nommen beslút net samar feroare wurde kin. Foar de Groundaam bestiet neffens syn fraksje in goede reden om dêr in útsûndering fan te meitsjen. It brûken fan'e saneamde frije romte foar it fasearre ynfieren fan'e hierferheging fynt hy net goed. Der binne safolle dy't ek op in bytsje romte sitte te wachtsjen. Hy fynt dat der wat dat oan- belanget in goede ôfwaging plakfine moat. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje it útstel fan'e fraksje fan'e P.v.d.A. stypje sil. Foardat de hieren yn 1993 en 1994 ferhege wurde moat neigien wurde oft de lisplakken foldogge oan'e easken dy't dêr oan steld wurde kinne. Oer de dekking sa't de hear Bouma dy ústelt wol hy noch it folgjende sizze. Syn fraksje hat de foarsitter ynljochte oer hoe't it der mei it stegerbehear foarstiet en him meijûn om nochris mei de havenmees ter te oerlizzen. Hy mient dat de foarsitter ek tasein hat dat dat foar de simmer- fekânsje barre sil. Hy tinkt dat der goed oan dien wurdt dat earst óf te wachtsjen foardat no al besluten wurdt oer de dek king. De voorzitter stelt voor tot besluitvorming over te gaan. De fractie van het C.D.A. wenst een amendement aan te brengen in die zin dat de wijziging alleen betrekking zou hebben op de lig plaatsen bij de Groundaam. Dat voorstel gaat verder dan dan van de P.v.d.A. Het voorstel krijgt niet voldoende steun zodat het niet in stem ming kan komen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel van de fractie van de P.v.d.A. besloten. De fractie van het C.D.A. wordt geacht tegen te hebben gestemd. NOT7JULI/IA/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 18