- 8 - De Stichting freget f 2200,00 en har fraksje tocht dat dat bedrach dutsen wurde kin út it fûns kulturele oangelegenheden. By neifraach die bliken dat dizze pot hielendal leech is. Der is nochal gauris in berop op dizze pot dien en it is dus wol dúdlik dat der in grut ferlet is fan mear jild yn dit fûns. Har fraksje stelt út de subsydzje foar 1992 te ferlienen en de stichting foar te stellen opnij in mearjierrenbegrutting te meitsjen en yntiids de gemeenten op'e hichte te bringen fan wat sy fan ús ferwachtsje de kommende jierren. Dekking foar de subsydzje foar dit jier kin fûn wurde yn'e post ûnfoarsjoen. De hear Renia seit dat de provinsje syn bydrage oan dit projekt ferlege hat en de stichting besiket no fia de gemeenten it gat wer op te foljen. Dit is neffens syn fraksje net in gemeentlike taak temear omt yn dy gefallen dat der in Monumint fan de Moanne yn Boarnsterhim wie de gemeente seis al in protte bydrûgen hat. Syn fraksje stipet it útstel fan it kolleezje. As der yn ús ge meente wer in Monumint fan de Moanne is dan kin de stichting fansels wol rekkenje op in bydrage. De hear SBouma seit alhoewol't it in goede saak is it kul turele toerisme te stypjen syn fraksje dochs it kolleezje-útstel stipet omt der gjin jild foar is. De stichting sil de aktivitei- ten kostendekkend meitsje moatte. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje ek it útstel stipet. Wethâlder Nieuwdam seit dat de gemeente nettsjinsteande dat der no gjin bydrage jûn wurdt wol each hat foar de aktiviteiten fan de stichting. As hjir wer in Monumint fan de Moanne komt dan sil de gemeente dêr posityf op reagearje. Mefrou Veldstra seit dat sy har útstel ynlûkt. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10. Voorstel tot het verruimen van de randvoorwaarden bij subsi diëring van de muziekschool Boarnsterhim. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 11. Voorstel tot het verstrekken van een éénmalige startsubsidie aan de Brêgejeugd in Warten. De hear Renia freget him óf wêr't dit útstel oan relatearre is. Mefrou Santema is it mei dizze wurden iens. Mevrouw Van den Berg vraagt of de opmerking van de heer Renia niet thuishoort in een afdeling. Wethâlder Nieuwdam seit dat it om in eksperiment giet. It kol leezje heakket oan by it advys fan'e Wolwêzenskommisje. Fia de kommisje sil dit ynisjatyf kritysk folge wurde. Hy sil dit ûnderwurp en it ferfolch derop yn'e ôfdieling besprekke. Mefrou Veldstra seit dat alle doarpen fan dizze binnen de Wol wêzenskommisje fêststelde regeling gebrûk meitsje kinne. N0T7JULI/IA/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 21