- 10 - De hear Van der Baan hie ferwachte dat der wat flotter in oplos sing foar dizze matearje wêze soe. Oan'e iene kant is it spitich dat der wachte wurdt op it bestjoersplan as it beslüt om de Twine net te ferkeapjen al nommen is sa't de hear Renia seit. As dat sa is soe hy net oant novimber wachtsje wolle mar ferwachtet hy gau nei de fakânsje in útstel fan it kolleezje oer hoe't it fierder moat mei de eksploitaasje. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje neidat der al faak pra ten is oer de takomst fan de Twine ta de konklúzje kommen is dat de behearsfoarm earst ûndersocht wurde moat sadat it totaal plaatsje dan bekind is. It is in ûnmooglikheid om no al mei de reparaasje te begjinnen sjoen it trajekt wat noch gongen wurde moat omt dat allinne mar neidiel opsmite sil. Hy fynt it ünterjo- chte dat der fan in buro dat in ûndersyk docht ferwachte wurdt dat dy mei besluten komt. Sa'n buro komt mei ideëen en sug- gestjes. It is oan'e ried om dêr op in goede manier mei om te gean. It liket hiel aardich om dan mar de merk op te gean mar dat kin ek wolris hiel grutte finansjele gefolgen hawwe. Ynkoarten sille der petearen plakfine oer hoe't de behearsfoarm der út komme moat te sjen. Hy fynt dat dêr hiel soarchfâldich oan wurke wurde moat. De hear Van der Baan seit dat it soarchfâldige ek ynhâlde moat dat der net hyltiten mei oare partners praten wurdt. As der ûnderhannelingen fierd wurde moat dat mei deselde partners bar re. Hyltiten feroaringen dêryn fertraget de saak. Mevrouw Van den Berg zegt dat zij heeft gesproken van een onder zoeksrapport dat ook niet tot besluiten leidt. Het is wel duide lijk dat de P.v.d.A. niet voelt voor een vorm van privatisering. Vandaar ook dat de wethouder waarschijnlijk de markt niet op gaat. Zij denkt dat de heer Renia in sprookjes gelooft. Als we met belaste verhuur gaan beginnen moet niet vergeten worden dat we de burger de bal toespelen. De hear Renia seit dat hy hiel dúdlik sein hat dat syn fraksje behear en ûnderhâld wol privatiseare wol. Hy tinkt allinne net dat it reëel is te ferwachtsjen dat it kompleks sa't dat der no stiet ferkocht wurde kin. Ien dy't dat wol sitten sjocht liuwt neffens hira yn mearkes. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje op grûn fan it A.V.M.-rapport no in dúdlike line útset hat. Hy hat der alle be trouwen yn dat de petearen oer de behearsfoarm op in goede wize plakfine sille en dat der yn elts gefal ynformaasje út korane sil dy't tige wichtich is. De Twine ferkeapje en tagelyk soarch te hawwen foar de boarger yn ferbân mei de beleste hier rymt net meiinoar. As de Twine ferkocht is kinne we neat mear dwaan foar de boarger, salang it gemeentlik eigendom is kin dat wol. N0T7JULI/IA/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 23