- 11 - III.Realisering atletiek- en ijsbaan in het plan Meinga te Grou. De hear S. Bouma seit dat wol as net in atletyk- en iisbaan in drege ôfwaging foar de ried bliuwt. Ien ding is seker, de gemeen te moat in part fan'e grûn oankeapje foar de lüdswallen. Noch in stik derby keapje en dan soe der romte wêze foar de sportfoars- jennings yn Meinga. It finansjele plaatsje is lykwols ûndúdlik. Dat jildt foar de sportstichting en foar de gemeente. It is bygelyks ûndúdlik oft de wurk mei wurksitewaasje no al as net foardielich is. De finansjele posysje is sa't bekind is net sa bést en de gemeente kin him dus net safolle permitearje. Syn fraksje hat dochs besocht de minsken dy't graach in atletykbaan hawwe wolle tewille te wêzen. Hy tinkt dêrby oan yn earste ynstansje it oankeapjen fan'e grûn. De dekking wol hy fine yn it potsje dat der noch is. De sportstichting soe, sa hat de foarsit- ter dêrfan him sein, wol 3 ton hawwe wolle en him der dan mei réde. Dat is op himsels in düdlikheid wêr't de ried wat mei dwaan kin. It is fansels in unike kâns om foar 3 ton in sportfoarsj enning as dizze te krijen. Syn fraksje fynt dat dat hiel serieus oerwage wurde moat. De baan hoecht net yn ien kear klear, dus de 3 ton hoecht ek net yn ien kear útjûn te wurden. Dat soe bets- jutte foar dit jier in ton wol as net yn it ramt fan it best- joersplan en yn 1993 en 1994 it oare part. Syn fraksje wol wol as betingst stelle dat de stichting ek seis jild op it kleed bringt troch bygelyks rinteloaze obligaasjes, bazaars ensafuor- thinne. Yn de ûnderhannelingen mei de ündernimmer soe it goed wêze dat in delegaasje fan sportstichting en gemeente, in lyts wurkgroepke, dat die. In ûndernimmer sjocht in gemeente altiten as in gemeente en sa'n wurkgroep kin miskien better it doel fan in legere priis foar de wurk mei wurksitewaasje berikke. Mooglik is ek noch de sportstichting in machtiging te jaan de ûnderhan- nelingen te fieren. Yn it neikommen stik fan it kolleezje is it definitive nee wat weromroppen en syn fraksje kin dér mei yns- timme. De gemeente soe no al foarsichtich besykje moatte de grûn yn hénnen te krijen en net allinne mar ófwachtsje moatte. De hear Renia seit dat hy him ôffreget op hokker wize wy no út dizze ympasse komme kinne. Der is al jierren lyn sein dat der wat dien wurde moat oan'e sportfoarsjennings yn Meinga. It is nedich dat der in útwreiding komt fan'e sportfasiliteiten omt de Nesserdyk fol sit. Yn it bredere perspektyf fan romte foar de sport yn Grou moat der perfoarst wat barre. Benypt besjoen soene jo sizze kinne moat der foar 150 atleten safolle jild útjûn wurde. Sa wol hy it lykwols net bes jen, it giet om it gruttere gehiel. Dan bliuwt dér it probleem wêr it jild wei te hel jen. Dan geane der bosken sifers rûn en in simpel bestjoerder snapt der op it lést ek net safolle mear fan. Hy tinkt dat de simpele konstruksje dy't ek foar tennisbanen hantearre wurdt hjir ek wol brûkt wurde kin. Wat dochs moat is de grûn oankeapje. De dekking foar in part út it plan Meinga yn ferbén mei de lüdswallen, in oar part út de pot dy't der noch is. As de ried beslút ta it oankeapjen fan'e grûn wurdt de ûnderhannelingsposysje wat Domei nen oanbelanget wol swakker. De sportstichting soe seis de sportfoarsjenning realisearje moatte en de gemeente soe net mear dwaan moatte as 3 jier in ton beskikber stelle, te dekken út'e algemiene reserve. Hy tinkt dat oer dit útstel noch mar ris goed neitocht wurde moat oft dit in wei is dy't we gean kinne. N0T7JULI/IA/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 24