- 12 - De hear Breeuwsma fynt dat it oanpaste útstel fan it kolleezje noch deselde strekking hat as it earste. De beide fraksjes dy't yn it kolleezje fertsjintwurdige binne hawwe hiel oare gedach ten. Op himsels fynt hy dat wol posityf, syn fraksje fynt ek dat it net kin sa't it kolleezje it wol. Hy freget oft der al ünder- hannelingen fierd binne mei de eigener fan'e grün, hy komt dêr net rjocht achter. It is in spearpunt fan it kolleezje dat it terrein ynrjochte wurde sil en dat de fraksjes fan P.v.d.A. en V.V.D. no tsjin it kolleezje yngeane is hiel betrouber. Hy freget ek oft der troch it kolleezje wol mei it sportsintrum praat is. It is faak hiel oantreklik dat it sportsintrum him réde sil mei in bepaald bedrach omt der wurk mei wurk makke wurde kin op in manier dy't foar de oerheid net sa maklik te realisearjen is. Hy soe graach wolle dat it kolleezje hiel gau mei de sportstich ting praten giet om ta in deal te kommen op basis fan in gemeen- tlike bydrage fan 3 ton. As finansieringsbasis jout hy oan in liening op basis fan annuïteit foar 25 jier en 10%. Ek foar de oankeap fan'e grün moat noch in dekking fûn wurde. Lykwols fynt hy it no net it goede plak dat te dwaan, it kolleezje sil by de ried komme moatte mei in ütstel. Ofslutend tinkt hy dat der no hiele goede mooglikheden binne en dat it no it momint is dat troch wurk mei wurk de sportfoarsjenning oanlein wurdt. De hear Van der Baan fielt him tige goed omt it útstel dat syn fraksje earder dien hat om de atletykbaan te realisearjen no stipe fynt by alle fraksjes. No wurdt ek erkind dat de wize wêrop de sportstichting de saak oanpakt hat goed is. De argumin- taasje fan'e sportstichting hat sa west dat alle fraksjes harren dêr yn fine kinne. Syn fraksje soe it in goede saak fine dat de 3 ton helle wurdt út Yn'e Lijte. It is wol in bjusterbaarlike saak dat yn in gemeente dêr't it jild net foar it opskeppen leit sa'n protte oplossings fün wurde kinne foar de dekking fan dit bedrach. De ried moat no in prinsipebeslút nimme dat der in bedrach beskikber steld wurdt. De útfiering kin dan yn hannen fan'e sportstichting jün wurde. It besparret de gemeente in protte wurk en dêr hawwe we allinne mar foardiel fan. Hy is tige nijsgjirricht nei it antwurd fan it kolleezje. Mefrou De Boer seit dat har fraksje noch net praten hat oer it léste kolleezje-útstel. Se wol dêrom nei de réaksje fan'e wet- hâlder graach dat de gearkomste tydlik sluten wurdt. De hear S. Bouma seit dat foar de dekking ek tocht wurde kin oan'e rinteopbringst fan Yn'e Lijte. Wethâlder Nieuwdam seit dat der yn 1989 yn'e ried praten is oer de atletykbaan. Troch in tal riedsleden is doe steld dat dy der komme moat. Foar de aardichheid wol hy noch efkes oanjaan dat yn dy diskusje praten waard oer in bedrach fan f 125.000,00 foar de oanlis fan in atletykbaan. It sil net ien fernuverje dat der no oer oare bedragen praat wurdt as doe. It kolleezje hat altiten tige ôfhâldend west oangeande alle fragen en ûndersiken dy't troch de stichting dien binne om ta de atletykbaan te kommen. Yn'e earste petearen dy't der mei de stichting west binne is al hiel dúdlik sein dat dè gemeente net in protte jild hat om him temjitte te kommen. N0T7JULI/1A/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 25