- 13 - It strekt de stichting ta ear dat dy nettsjinsteande dy mei- dieling dochs trochgien is op it doel, de atletykbaan ta. In atletykbaan dy't yn elts gefal 3 a 4 ton kostje moat sûnder de grünoankeap. Letter is der noch mei de stichting praten oer it ûnderhâld. Yn'e tredde ôfdieling en yn'e ried is konstatearre dat alles wat de finânsjes oanbelanget earst nochris goed op in rychje komme moast. De Grontmij hat doe in opdracht krigen om te ûndersykjen op hokker wize de atletykbaan realisearre wurde kin. Ut it ündersyk hat bliken dien dat it realisearjen fan in at letykbaan yn ien kear technysk net mooglik is. In stik wurk mei wurk fait dan foar in part fuort. Yn'e tredde ôfdieling is ek noch praten oer wat it betsjutte soe as de ge meente ferplichtingen fan'e oannimmer oangeande de ferwurking fan'e grûn oernimme soe. De ferwachting wie dat dêr in pluspost út komme soe, oannimmende dat de oannimmer wol graach fan dy bul ten grûn ôfwolDe oanninmer seit no dat de grûn foar him wol f 140.000,00 wurdich is. Foar it kolleezje wie der doe wer de fraach wat it effekt fan wurk mei wurk is. Dat is er dan net mear. Dan is de fraach hoe aktueel is de atletykbaan op dit momint, los fan it ferlet dat der is, foar it kolleezje yn óf wagende sin. No't de effekten fan wurk mei wurk der net binne is it net perfoarst nedich dat der hjoed in beslút nonmen wurdt. De druk is der wat óf en dêrom is it kolleezje kommen mei it nije útstel. De grûn dêr't oer praten wurdt is foar in part yn eigendom fan Rykswettersteat en foar in part fan in partikulier. Mei dy partikulier binne al petearen west en hy tinkt dat it wol ta in útdragene saak komme kin. De oankeap fan it oare stik lân leit dochs mear komplisearre. Foar de lûdswallen sil yndied op termyn de grûn kocht wurde moatte. Yn juridyske sin is de gemeen te net ferplichte it restant ek te keapjen, al is dy ferplich- ting der moreel wol. Domeinen start de besprekkingen noch net omt it hiele karwei noch net óf is. Pas as de oplevering west hat wurdt der praten oer grûnferkeapen. Dat betsjut dat de ge meente as dy no al ûnderhannelje wol net yn'e béste posysje sit. Der is op dit momint wol in yndikaasje oer de grûnpriis mar mear ek net. Mar dat it giet om in bedrach fan likernôch f 150.000,00. De tennisbaankonstruksje dêr't de hear Renia oer praat is noch net it belied fan'e gemeente. Hy wol net no in ad hocbelied fiere, dat liket him tefolle op gelegenheidspolityk. Wethâlder Bloem is tige fernuvere. It feit dat it kolleezje no mei in tal punten fan it reparearjen belied komt hat te krijen mei it feit dat dy net langer op in beslút wachtsje kinne. Oare punten moatte wachtsje omt se net tige needsaaklik binne. It is it kolleezje de léste dagen dúdlik wurden dat it driuwende fan'e atletykbaan óf is. Se krijt no it gefoel dat de ried op dit stuit noch wol dat der no in beslút fait. Se is bang dat de dek king dy't fan ferskillende kanten oanjûn wurdt net folslein is. Dat is de reden dat it kolleezje dit punt behannelje wol yn it ramt fan it bestjoersplan. Dan kin better neigien wurde hokfoar middels der foar dizze útjefte brûkt wurde sille. De algemiene reserve is der net foar bedoeld ditsoarte saken út te beteljen. Ek de Yn'e Lij te-pot is op dit stuit net geskikt. De ried reagea- rret wat al te loftich op'e finansjele sitewaasje fan'e gemeen te. In liening fynt sy ek net oan te rieden en de minsken dy't nei ús komme wurde sa ek behoarlik beleste mei eat wat noch net folslein ófwage is. Se fynt dat de ried no net in beslút nimme moat. It is fierstente ad hoe no in ton út te jaan en dan takom jier wer. NOT7JULI/IA/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 26