- 14 - De voorzitter schorst de vergadering om 21.40 uur. Hij heropent de vergadering om 22.15 uur. De hear Renia seit dat it yn soksoarte saken sa is dat jo net allinne fêsthâlde moatte oan jo eigen arguminten mar ek iepen stean moatte foar oare arguminten. De yntinsjes oer en wer binne tinkt hy hiel dtidlik. Der kin fêststeld wurde dat yn'e ried hiel bot de gedachte libbet dat ta oankeap fan'e grûn oergien wurde moat. Ek libbet hiel bot de gedachte de útfiering yn hannen te jaan fan'e sportstichting Grou en dat de gemeente dêrfoar in bedrach beskikber stelt. Hy stelt út dat de grûn oankocht wurdt. It kolleezje, wittende de yntinsje fan'e ried, iepent ûderhan- nelingen mei de groep dy't hjir al in hiele tiid mei dwaande is en tinkt dêrby oan wat de ried hjiroer allegear sein hat. It wol noch hyltiten net yn him del dat de wurk mei wurksitewaasje neat opsmite soe. Earst de grûn der ôfskowe en letter der wer op kostet wis wat. It úteinlike beslút kin nonmen wurde by it bestjoersplan. De hear SBouma seit dat syn fraksje ek fêsthâldt oan it oan- keapjen fan'e grûn. Yn oerlis mei de stichting is dan gau genôch bekind hokfoar kant it útgiet. Hy hopet dat de positive saken dy't de stichting wol realisearre wurde kinne. Foar him bliuwt de yntinsje dat de stichting 3 ton krije moat oerein stean. Yn novimber kin dan by it bestjoersplan in ôfwaging mei al dy oare plannen dy't der binne in dekking fûn wurde kinne. Hy wol wol swart op wyt fan'e stichting hawwe dat it om 3 ton giet en net mear. Dan moatte ek de betingsten oangeande it ûnderhâld noch útiten wurde. De hear Breeuwsma tinkt dat it dochs goed te ûnderbouwen is dat der wurk mei wurk te meitsjen is. Der moat likemôch 20.000 m3 grûn opbrocht wurde en dat kostet gau sa'n f 400.000,00. Dat moat dan ekstra dien wurde. Sa't it no liket is de oanninmer ree dit te dwaan foar f 140.000,00 ynklusyf drainaazje. Der sit dus al hast 3 ton tusken. As dat bedrach net sa heech west hie dan hie syn fraksje net meigien, omt der dan in prioriteitenplan wêze moatten hie oan de hân wêrfan besluten nommen wurde moatte. Mar dit is sa oantreklik dat kin net gean litten wurde. De grûn is foar lânbouwearde oan te keapjen en dan moat dat neffens him altiten barre omt it de leechste priis is dy't te betinken is. Hy fynt in dekking út it bestjoersplan wei ek net sa goed. It bestjoersplan liket wol haarlemmeroalje foar allerhande saken. Hy bliuwt by syn útstel om in liening op annuïteitsbasis oan te gean foar 25 a 30 jier. De lesten binne dan sa'n f 30.000,00 en dêr moat wol in dekking foar te finen wêze. De grûn hoecht net op ôfskreaun te wurden mar dy soe wol yn'e hierpriis ferdiskon- tearre wurde kinne. It mei best sa wêze dat der in ridlike hierpriis betelle wurde moat. De hear Van der Baan seit dat der op dit stuit in útstel leit om 3 ton beskikber te stellen en dat moat neffens him dan ek barre. De útfiering fan it gehiel moat yn hannen fan'e sportstichting jün wurde mei tafersjoch fan en yn gearwurking mei de gemeente. It bedrach fan 3 ton moat echt de limyt wêze. De dekking kin it best út de pot fan Yn'e Lij te benammen ek omt it dan bûten it bestjoersplan hâlden wurdt. Mefrou Santema seit dat it net allinne om in atletykbaan giet mar om sportfoarsjennings yn it algemien. N0T7JULI/IA/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 27