- 15 - Wethâlder Nieuwdam seit dat noch de ried noch it kolleezje de eksakte priis fan'e grûn wit. De ried wol dochs de grûn oan- keapje en hy wol achterôf net it ferwyt hawwe dat de grûn te djoer oankocht is. De ried jout yn feite frij mandaat om de grûn oan te keapjen. De hear G. Bouma ynterrumpearret dat de beslissing om de grûn te keapjen al by de lûdswallen nommen is en net op dit stuit. Wethâlder Nieuwdam seit der oangeande dit stik grûn gjin beslüt fallen is. By de lûdswallen giet it allinne om de grûn dy't foar de lûdswallen brukt wurde moat. As de sportstichting 3 ton fan'e gemeente krijt sit dêr ek it wurk dat noch dien wurde moat yn ferdiskontearre. Mei de stel post fan f 140.000,00 bliuwt der dan kennelik net safolle mear oer foar de atletykbaan. Hy freget him óf oft dit in krekte konklüzje fan him is en oft de sportstichting ek wit wêr't hy foar stiet. De hear Van der Baan seit dat de sportstichting sein hat dat hy, as hy 3 ton fan'e gemeente krijt him mei de saak réde sil. Hy fynt dat fan dit oanbod gebrûk makke wurde moat. Wethâlder Nieuwdam freget him óf wat de realiteitswearde fan dit oanbod is as has de helte fan it bedrach fuort giet oan tarie- dend wurk. Hy wol de ried mei dizze konklúzje konfrontearje en hy wol net achteróf ferwiten en f ragen hawwe oer hoe't it al- legear moat as it dochs oars liket te lizzen as no troch de sportstichting sein wurdt. Hy fynt gemeentlik tafersjoch net oan'e oarder. It is of of. Of de stichting krijt 3 ton of de ge meente bemuoit him dermei. It bedrach fan 3 ton is ek ynklusyf it ûnderhâld dat der letter dien wurde moat. Dus de stichting sil him dêr ek mei réde moatte. Oer it hierbedrach dêr't de hear Breeuwsma oer praat sil noch praten wurde moatte. Oangeande de wurk mei wurksitewaasje seit hy dat de saak óflevere wurde moat op -0.80 m. Foar de sportakkommodaasje moat de grün heger lizze. It is noch de fraach yn hoefiere dêr 20.000 m3 foar nedich is. Troch de djipûntwettering is it nammentlik bést mooglik dat in legere hichte foldwaande is sadat der gjin 20.000 m3 nedich is en it mei minder grün ta kin. Wethâlder Bloem seit dat it har it béste liket de dekking te finen yn it ramt fan it bestjoersplan. Dat jildt wat har oan- belanget ek foar de grûnoankeap omt it har net taliket dat dy grün perfoarst no al kocht wurde moat. Se fynt dat de ried, no t dy mei it útstel komt de grün wol oan te keapjen ek de dekking dan mar oanjaan moat. De voorzitter heeft begrepen dat de raad op dit moment wil be sluiten tot de aankoop van de grond en daarnaast een bedrag van 3 ton beschikbaar wil stellen aan de sportstichting, waarmee overleg moet worden gepleegd over aanleg, onderhoud en het nade re contact met de aannemer. Er zijn verschillende voorstellen met betrekking tot de dekking. Er wordt voorgesteld om het be drag uit de algemene reserve te halen of uit de pot van Yn'e Lij te of de totale afweging te maken bij het bestuursplan of een lening op basis van annuïteit aan te gaan. N0T7JULI/IA/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 28