- 20 - Der sit hiel wat fêst oan dit útstel, fan fusy oant it ynstânhâl- den fan'e skoalle yn Sybrandabuorren oant ta. Yn ferbân mei it belang op lange termyn sil de fusy tusken de Eeltsje Halbertsmas- koallen en de Master Wielsmaskoalle neier ündersocht wurde moatte. Hy stelt dan ek út om yn it ramt fan'e nota "Toerusting en Bereikbaarheid" de fusy neier te ûndersykjen by de beliedsôf- dieling foar dit wurk en net by de ôfdieling foar ûnderhâld fan gebouwen. It kolleezje kin dit oangeande ek syn ljocht opstekke by Tytsjerksteradiel. It taseine jild sil dan wol feilichsteld wurde moatte. Hy hopet dat it kolleezje kreatyf mei it jild omgean sil. Hy wol graach dat de architekt de opdracht kriget om by nijbou rekken te hâlden mei in útwreiding ta 14 klassen. Mefrou Santema seit dat bar fraksje wol dat de tredde mooglik- heid, de fusy, net útsluten wurdt. It earste fersyk is net honorearre mar is troch it ryk ôfdien as tige ynteressant. Dêr hawwe we fansels neat oan. It ryk wol seis skaalfergrutting en komt mei opheffingsnoarmen dêr't wy fan skrokken omt we tochten dat der skoallen tichtgean soene. Troch dizze fusy soene wy in stevige basis hawwe foar it fuortbestean fan de beide lytse iepenbiere skoallen yn de Legeaen en yn Terherne. Mefrou Veldstra tinkt dat it better is earst in beslút te nimmen oer renovaasje as nijbou foardat der in kredyt fan f 70.000,00 beskikber steld wurdt. Dit bedrach is yn ferhâlding ta de totale kosten fierstente heech. Wêrom wurdt der gjin ûndersyk dien troch de eigen tsjinst. Yn oerlis mei beide skoallen soe ûnder- syk dien wurde moatte nei de foarming fan ien grutte basis- skoalle. It ynisjatyf soe fan de gemeente útgean moatte. Har fraksje is gjin foarstanner fan fusy yn ferbân mei skaalfergrut ting. Yn dit gefal soe it lykwols in goede basis wêze foar it behâld fan'e lytse iepenbiere skoallen. Wethâlder Bloem seit dat it kolleezje no mei dit útstel komt omt it bedrach dat tasein is troch it ryk feilichsteld wurde moat. Ek tsjin de Eeltsje Halbertsmaskoalle oer is it net reëel de saak noch langer foarút te skowen. Sy tinkt dat ûnder it proses dat no yngien wurdt bést neitocht wurde kin oer hokfoar mooglik- heden der yn it ramt fan'e nota "Toerusting en Bereikbaarheid" binne. Fansels sil it kolleezje kreatyf mei it jild omgean, op guon ûnderdielen is der ek al de nedige ûnderfining opdien. Oer de hichte fan it kredyt is in útlis skreaun dy't by de stikken lei. Op himsels is it hiel ferstannich nei te tinken oer wat yn it ramt fan "Toerusting en Breikbaarheid" stiet, dat yn it ramt fan'e skaalfergrutting yn ús gemeente fan belang wêze kin. Us gemeente sit op dit stuit net yn'e gefarensône. In ûndersyk nei in 14-groepsskoalle is tefolle takomst en it sil in ûnlykwich- tige klaira lizze op ús middels en se tinkt dat it ryk der ek net mei akkoart gean sil. Mefrou Santema wol hiel graach dat dochs de fusy net oan'e kant smiten wurdt. Sa't de sitewaasje no yn Grou is mei twa iepen biere basisskoallen en in keunstmjittige ferdieling fan'e lear- lingen fynt sy gjin goede saak. NOT7JULI/IA/20

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 33