- 21 - De hear Van der Baan hat wol it gefoel dat der by de beide skoallen in basis is om ta in ienheid te kommen. Hy tinkt dat der no al goed rekken mei hâlden wurde moat. Hy giet dêrom ek yn'e pleit foar nijbou omt jo dan fleksibeler binne om ta in grutter kluster fan skoallen te kommen De hear Veldstra fynt dat de wethâlder der foar oppasse moat no in beslút te nimmen dêr't se letter spyt fan krijt. Wethâlder Bloem seit dat wol de ried beslüt en net sy allinne. De ynset fan it útstel is om de mooglikheden fan nijbou as renovaasje nei te gean. Ek om nei te gean hokfoar modellen der binne dy't in eventuele fusy net frustrearje sille. Oft nijbou de béste opsje is is foar bar de fraach. Foar in 14-groeps- skoalle sille we, as it giet om opheffingsnoarmen net as earste yn oanmerking komme. Se tinkt dat de ried in sadanich beslút ninme moat dat in eventuele fusy net yn' wei stiet. Neidat de tariedingsfase foarby is komt it dan yn'e ried. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het vorstel besloten. 23. Voorstel tot beschikbaarstelling van kredieten ten behoeve van de aanschaffing van computer-meubilair op de openbare en bijzon- dere basisscholen in de gemeente. Mefrou Santema wit dat der skoallen binne dy't seis graach har ren meubilêr oanskaffe wolle. Se stelt út dat de mooglikheid der bliuwt dat dy skoallen as se it foar de selde as in legere priis krije kinne dat ek meie. Se tinkt dat in kompjoetertafel net gau nei in oare skoalle ta moatte soe, dus de útwisselberens dy't foar oar skoalmeubilêr jildt giet hjir net op. Wethâlder Bloem kin har de opmerking fan mefrou Santema wol wat foarstelle. Se kin lykwols gjin antwurd jaan al wol se de sug- gestje wol meinimme. De priis fan it meubliêr sa t dat no oans- kaft wurde sil is basearre op in grutte ôfname en it mei net sa wêze dat de priis it stik omheech gean soe as de suggestje fan mefrou Santema folge wurdt. Se is der seis net foar, ek net om it argumint fan de útwisselberens. Mefrou Santema wol de kar oan'e skoallen litte. Wethâlder Bloem hat gjin oerlis hân mei de minsken dy't it útfiere moatte mar se wol de suggestje wol nei foaren bringe. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 24. Voorstel om medewerking te verlenen aan een verzoek van de ver eniging voor Christelijk Nationaal Schoolonderwijs fDs. Hasper- school) te Akkrum voor de vervanging van verlichtingsarmaturen. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. NOT7JULI/IA/21

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 34