- 22 - 25. Voorstel om in te stemmen met de intentieverklaring om te komen tot de vorming van een brede regionale scholengemeenschap c.q. fusering van de R.S.G., en de L.E.A.O., de M.A.V.O., de S.B.O. te Heerenveen, de M.A.V.O. te Joure en de O.S.G. "Mid-Fryslân" te Akkrum/Grou. De hear Veldstra seit dat koartlyn besletten is ta de fusy fan de beide skoallen foar fuortset ûnderwiis yn üs gemeente om it fuortbestean fan it fuortset ûnderwiis te garandearjen. Al gau nei de startdatum fan 1 augustus 1990 die bliken dat mear nedich wie. Dêrfoar no dit útstel. It kolleezje hat keazen en him foar in brede skoallemienskip ynsetten. Dat liket him ek in goede kar. Lykas it bestjoer op grûn fan artikel 61 fan'e Gemeentewet. Koarte linen en in soad eigen ferantwurdlikheid, dêr kin hy mei ynstimme. In wichtich aspekt is it fuortbestean fan'e skoallen yn Akkrum en Grou. Dêrfoar is al hiel wat üt'e wei setten en it liket aardich slagge te wêzen. Alles oersjende kin syn fraksje ynstimme mei dit útstel. Hy betanket alle minsken dy't harren hjirfoar ynsetten hawwe en winsket harren sterkte mei it útwurkjen fan dit beslút. Mefrou Veldstra seit dat sûnt 1 augustus 1990 troch in fusy de O.S.G. Mid-Fryslân ûntstien is. Noch mar krapoan twa jier letter stiet der al wer in fusy foar de doar, no noch in breder ferbân. Wannear is de ein yn sicht? Al dy fusy's en feroarings komme it ûnderwiis net ten goede. Sy tinkt dat goed wach stien wurde moat oangeande de skoallen yn Akkrum en Grou om de ünderwiisfoarsjen- nings binnen üs gemeente op in sa heech mooglik peil te hâlden. Mefrou Santema seit dat har fraksje akkoart giet mei it ütstel. It ünderwiis moat sa ticht mooglik by de bern brocht wurde. It hat de minsken dy't der mei te dwaan hawwe net oan ynset en kreativiteit ûntbrutsen om it fuortset ünderwiis yn üs gemeente te behâlden. De yntinsjeferklearring giet der fanüt dat de basisfoarming yn 1993 komt. Se wol der noch bysizze dat de ynstream yn Grou in wichtich punt wêze moat yn de fusypetearen. Se winsket alle minsken dy't mei dizze fusy dwaande binne in protte sukses. Wethâlder Bloem seit dat der yndied troch in protte minsken in soad wurk ferset is. Se sil dan ek de tank oerbringe dy't troch de ried nei foaren brocht is. It wurk fan de léste tiid is der op rjochte dat it fuortset ünderwiis binnen üs gemeente ynstân- hâlden en ferbettere wurdt. Ek yn it ramt fan de basisfoarming is dizze fusy wichtich omt sa ünderwiis oanbean wurde kin wêr- troch learlingen maklik trochstreame kinne nei oare ûnderwiis- foarmen. Se hat dan ek alle hoop dat der wat goeds út dizze fusy komme sil, mei de ynset dat de ynstreampunten Akkrum en Grou bestean bliuwe sille. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De voorzitter schorst om 23.35 uur de vergadering voor een korte pauze. Hij heropent de vergadering om 23.40 uur. N0T7JULI/IA/22

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 35