GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 23 juni 1992 om 16.30 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder), K. van den Berg-Wiersma, A.I. Bloem (wethouder), T. de Boer, R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.A. de Vries en de heren J.A. van der Baan, J. Bethlehem, S. Bouma, Y. Dotinga, A. Nieuwdam (wethouder), A.P. Oosterhof en H. Veldstra. Afwezig: de heren A. Breeuwsma, G. Bouma en P.M. Renia. Voorzitter: de heer B.G. Holtrop. Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o De voorzitter opent de vergadering en heet allen hartelijk welkom. Hij deelt mee dat bericht van verhindering is binnengekomen van de heren G. Bouma, Breeuwsma en Renia. De voorzitter stelt aan de orde agendapunt: 1. Voorstel om in te stemmen met de fusie van N.V. Frigem en N.V. Energiebedrijf voor Groningen en Drenthe (EGD) De hear SBouma seit dat de ried yn 1988 kieze koe tusken in algehiele oerdracht fan it gasbedriuw as in fusy. Der is doe keazen foar in fusy op grûn fan it feit dat de ried dan siz- zenskip hâlde soe. Finansjeel wie dat net foardielich, by in ferkeap hie de gemeente folie mear jild krije kind. No, by dizze nije fusy dy't op kommen stiet sil der fan'e sizzenskip net folie oerbliuwe. De finansjele útkomst fan dizze fusy is net om oer nei hûs te skriuwen. Formeel hoecht de ried him net oer dizze fusy út te sprekken, mar de wethâlder hat nei oerlis yn'e tredde ôfdieling besletten dochs in útstel oan'e ried foar te lizzen. Syn fraksje wie yn 1988 foar ferkeap. Sjoen it feit dat der no ek neat fan'e sizzenskip oerein bliuwt wie dat ek finans jeel folie better west. Wie it gasbedriuw yn 1988 ferkocht dan wie dat ek foar it grûnbedriuw folie better west. Der wie by ferkeap 5 miljoen mear west om it grûnbedriuw sün te meitsjen. It is foar syn fraksje net maklik te fertarren dat no bliken docht dat der yn 1988 eins in ferkeard beslút nommen is. We sille de kommende tsien jier mar ôfwachtsje hoe't de winst- útkearing him ûntjouwe sil. In fêst bedrach hawwe we binnen, mar de ôfrûne jierren siet der by de winstútkearing somtiden ek noch wolris in kwartsje tusken de dûbeltsjes. N0TJUNI/H/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 5