- 2 - Hy wol graach fan'e wethâlder hearre wêrom foar dizze konstruk- sje keazen is en oft hy him wol realisearret dat de finansjele gefolgen net al te bést binne. De hear Van der Baan seit dat dit útstel om yn te stimmen mei dizze fusy wol in frjemde saak is benammen wat de proseduere oanbelanget. Yn it brief fan'e wethâlder fan 13 april stiet dat de ried yn alle gefallen ynstimme moat mei de fusy. Op 4 juny skriuwt hy dat dat net hoecht. Hy fynt dat in frjemde en mis- liedende hâlding fan'e wethâlder temear dêr hy de idé hat dat de wethâlder wat achterhâldt. De wethâlder hat yn'e tredde óf- dieling sein dat der oerlis west hat mei de fraksjefoarsitters Der is gjin oerlis mei de FNP west en de wethâlder docht dat óf mei te sizzen dat dêr gjin tiid mear foar wie. Hy wol witte hoe't dat no krekt sit. It liket der wol op dat de wethâlder de ried omsile woe mooglik omt hy benaud wie dat de ried tsjin dizze fusy wêze soe. De ried hat yn 1988 besluten ta fusy om grip op'e saak te hâlden. Dat wie in hiel bewuste kar. As der feroaringen komme soene, sa is de ried mei klam tasein dan soe de ried in aktive rol spylje kinne. As der fanút de tredde ófdieling en benammen fanüt de FNP net op oantrune wie dizze fusy yn'e ried te bringen dan hie de wethâlder folstien mei in meidieling oan'e ried. De hâlding fan'e wethâlder yn dizzen moat no mar ris goed nei foaren komme. Yn 1988 is der hiel prins- ipjeel oer fusy as ferkeap praten. It gasbedriuw as sadanich, de enerzjyfoarsjenning wie yn hânnen fan'e gemeente. De produksje fan gas waard troch de gemeente seis dien, der waard soarge foar eigen transport en distribúsje. Doe't de oaljemaatskippijen begûnen mei it produsearjen fan gas waarden de gasfabriken sluten en dêrmei wie in part fan'e ynfloed fan'e gemeente ferdwûn. As de gemeente de gasdistribúsje ensafuorthinne yn ei gen hân hâlde wol dan sil de gemeente goed de finger oan'e pols hâlde moatte. En dat bart op dit stuit net. Hy krijt dúdlik it gefoel dat de ôfstân ta it gasbedriuw grutter wurdt en de ynfloed hyltiten lytser. Syn fraksje is dan ek perfoarst tsjin dizze fusy. Dêr is ek noch in oare reden foar. De oanlieding nammentlik om ta dizze fusy oer te gean wurdt beskreaun as: de tanimmende konkurrinsje, sawol nasjonaal as ynternasjonaalDat is neffens him in stik demagogy, in echte reden is it fansels net. Hoe soe it no sa wêze dat lytsere ienheden no ynienen net mear bestean kinne. De multinationals begjinne krekt mei lytsere ienheden te wurkjen en wy miene net mear meidwaan te kinnen as we net grutter wurde. As twadde reden wurdt neamd dat skaalferg- rutting liede kin ta kostenbesparring. Dus ek ûnwissichheid datoangeande"It kin liede ta" betsjut ommers net dat dat ek wier sa is. Foar syn fraksje stiet wol fêst dat troch dizze fusy it belied nei Grinslân giet. It kommersjeel, finansjeel, ynfor- matisearrings-technysk en it ynvestearingsbelied geane nei Grinslân. Wat bliuwt der dan foar Fryslân oer? Fryslân jout de wurkgelegenheid en it topmanagement fuort oan Grinslân. Hy hat der grutte beswieren tsjin dat we op dit momint besykje wat jild binnen te krijen. Mar oan'e oare kant giet dan ten koste fan'e wurkgelegenheid. En dêrfoar sit de ried fan Boarnsterhim der net. De ried hat de taak de wurkgelegenheid te befoarderjen. As we sa trochgeane klaait Fryslân him út. Dat is al bard mei it elektrisiteitsbedriuw. It PEB is fusearre mei de PGEM en dat betsjut ek al dat der in protte wurkgelegenheid en topmanagement nei Arnhem giet. Hy wol graach witte wêrom der gjin riedsbeslút by de stikken leit. NOTJUNI/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 6