- 3 - Der stiet yn it útstel dat it kolleezje de ried, nei in juridysk advys dêroer, net nedich hat. Wêrom no, it kolleezje wit hiel goed dat dizze saak polityk sjoen hiel gefoelich leit. De haast wêrmei dizze fusy trochsetten wurdt set hy grutte fraachtekens by. It is in teken oan'e wand dat Westergo en Dokkum betanke hawwe foar it oanbod. Mefrou De Vries seit dat har fraksje him ek goed te binnen bringe kin hokker diskusjes der fierd binne oer it al as net ferkeapjen fan it gasbedriuw. In mearderheid fan har fraksje wie net foar ferkeapjen. In reden dêrfoar wie ûnder oaren dat har fraksje fûn dat de geraeentlike oerheid safolle mooglik siz- zenskip oer it gasbedriuw, in nutsfoarsjennings by útstek, hâlde moast. It algemiene belang fan ús ynwenners en it belang fan in ündernimming rinne ommers net altiten lyk op. Dat is en dat wie foar har fraksje in prinsipjeel punt. Lykwols, ûntjouwings, skaalfergrutting is net altiten te kearen. It is ek de fraach oft jo dat ek altiten wolle moatte soene. De gemeente is oandiel- hâlder yn'e N.V. FRIGEM wurden. No leit der wer in ütstel ta fusy foar, no mei de N.V. EGD. It kaam har fraksje ek tige frjemd oer dat yn'e stikken stie dat de fusyplannen net yn'e ried oan'e oarder steld hoege te wurden. Soks kin dan wol korrekt wêze op grûn fan in formeel juridyske redenearing, sjoen de foarskiednis fynt sy it polityk/bestjoerlik besjoen net sa moai. It befêsticht har wol yn it tinken dat de oerheid hyltiten mear oan'e sydline komt te stean by ditsoarte ûndernimmingsHar fraksje hat lykwols it gefoel dat it op dit stuit net mear oars kin en giet dêrom akkoart mei de fusy. Se freget har wol óf oft dit no de meast gaadlike opsje foar de FRIGEM is. Op koarte termyn liket de fusy wat tariven oanbelanget wol geunstich út te pakken foar de boargers. Mar wat binne de prognoazes op langere termyn? Sy foarsjocht wat dat oangiet noch in fierdere skaalferg rutting. Mevrouw Van den Berg zegt dat ook haar fractie nog weer eens in de stukken van 1988 is gedoken. Het C.D.A. was toen voor algehe le verkoop omdat zij inspraak helemaal niet zagen zitten. De al gehele verkoop is niet doorgegaan, en van de inspraak is hele maal niets van over gebleven, zoals haar fractie ook toen al had verwacht. Wat de inspraak betreft wil zij graag nog een ander aspect noemen, de CAI. Volgens de krant zijn er door de FRIGEM besprekingen gevoerd over verkoop van de CAI. Zij wil graag we ten of dat waar is. Zij wil dat ver voordat de wethouder afspra ken maakt over de CAI de raad daarover wordt ingelicht. Wethâlder Nieuwdam seit dat it, yn tsjinstelling ta wat der yn oare gemeenten bart en sjoen wat der no allegear op tafel komt goed is dat der oer dizze fusy yn'e ried praten wurdt. It útstel is in gefolch fan it feit dat de tiid net stilstiet. De N.V. FRIGEM konstatearret dat der nochal wat bewegingen binne op it mêd fan'e enerzjyfoarsjenning. Sjoen nei de konkurrinsjeposysje fan'e N.V. FRIGEM is it nedich om ta skaalfergrutting oer te gean. It feit dat it PEB fusearret mei de PGEM spilet dêryn ek in rol. In enerzjylân binne de priizen sterk konkurearjend en ek de FRIGEM sil de priizen ferleegje moatte wol hy yn'e merk bliuwe. Al likernóch in jier hat de FRIGEM dêrom om him hinne sjoen wat de mooglikheden binne. Der is besocht om te kommen ta in Frysk Enerzjybedriuw mar dat is spitigernóch mislearre. De N.V. FRIGEM woe yn'e ûnderhannelingen in tal saken oerein hâlde. NOTJUNI/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 7