- 4 - In part fan'e sizzenskip en de vmrkgelegenheid binnen wichtige punten. Hy wiist derop dat nettsjinsteande de negative berjoch- ten fan de hear Van der Baan dizze fusy wol opsroiten hat dat it plak fan De Gerdyk oerein bliuwt. Dat wie ek ien fan'e ynsetten by de ûnderhannelingsDer binne in tal modellen wêrby sünder mis De Gerdyk ferdwine soe. Der is in soad muoite foar dien om it sa te krijen. De finansjele kant fan'e saak jout it kolleezje gjin oanlieding om te sizzen dat der opnij ûnderhannele wurde moat. It risseltaat dat der uthelle is is it maksimale. De finansjele gefolgen binne oangeande de winstütkearing foar de earste 10 jier regele. Wat yn 1988 sein is jildt ek foar 1992: net ien kin witte wat der oer 10 tsien jier bart. Hy seit mei klam dat der al yn april wiidweidich oer dizze saak yn'e tredde ôfdieling praten is. Doe wie it kolleezje fan betinken dat der in riedsútstel komme moast. Ofrûne moanne is der noch wer opnij oer praten, neidat it kolleezje oanjûn hie dat it juridysk besjoen net nedich wie dat de ried in beslút nimme moatte soe. Doe die bliken dat alle fraksjes fûnen dat der wol in riedsüts- tel komme moast. Hy fynt dat it kolleezje neat te ferwiten fait. Yn soksoarte saken litte jo jo advisearje ek op juridysk mêd. Hy fynt it net ferstannich, no't dit ütstel der leit, dêr noch in protte wurden oer smoarch te meitsjen. De publikaasjes yn'e kran- te oer de CAI slacht allinne op de FRIGEM Noordwest. De kabel is hjir yn hannen fan in stichting dêr't de gemeente yn partisipear- ret. Hy seit ta dat as der wat mei de CAI bart de gemeente der by belutsen wêze sil en de ried fansels op'e tiid ynformearre wurde sil. Gearfetsjend seit hy dat der oan'e iene kant it gefoel is fan hoe kin dit allegear en oan'e oare kant fan it moat dochs, we moatte meigean. Hy tinkt ek dat we meigean moatte omt de belangen fan ús boargers foarop steane. De fusy hat net allinne effekt foar de winstütkearing mar ek foar tariven. It betsjut in fermindering fan'e winstmarzje mar dat jild komt wol by de boargers. De hear Van der Baan seit dat as hy de wethâlder sa beharket de eangst him om it hart slacht. De argumintaasje fan'e wethâlder bliuwt stykjen by: de tiid stiet net stil, it wurdt allegear grutskalich. Tsjin dizze wize fan redenearjen hat syn fraksje grut beswier. It is wol hiel opfallend dat oare enerzjebedriuwen dizze fusy ôfwize. As wy yn dizze fusy telâne komme binne we ab soluut net wis fan in better rendearjend bedriuw. De enerzjybed- riuwen dy't net meigeane sjogge sa't it liket gjin gefaar foar de konkurrinsjeposysje. Foar de ynkeap fan gas is de fusy net nedich. Der soe bygelyks ek in ynkeaporganisaasje oprjochte wurde kinne, dat dogge lytsere bedriuwen wol faker. Dat de wethâlder tinkt dat de wurkgelegenheid behâlden bliuwt fynt hy wol hiel nayf. Wannear't op alle beliedsterreinen yn Grinslân it belied makke wurdt dan leit it foar de hân dat de wurkgelegen heid ek dêrhinne helle wurdt. De wurkgelegenheid op De Gerdyk sil dan ek op den doer dêr net bliuwe. As de tariven as gefolch fan'e fusy omleech geane kin dat allinne mar op kosten gean fan'e winst as it fermogen. Hy fynt dat it kolleezje better oanjaan moat wêr't dan krekt de besparring út bestiet. Mefrou De Vries tinkt dat yndied prognoazes foar oer tsien jier slim te meitsjen binne. Jo hoege lykwols net in grut wiersizzer te wêzen om te foarsjen dat de skaalfergrutting wol trochset. Mocht dan ek de mooglikheid fan kearnenerzjy yn bild komme dan wol sy no alfêst sizze dat har fraksje dêr tsjin is. NOTJUNI/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 8