- 5 - De hear SBouma fynt de fusy in logyske saak. Syn ynfalshoeke is de ynspraak en sizzenskip yn ferhâlding ta it jild dat we der foar krigen hawwe. Yn 1988 wie syn fraksje foar ferkeap en dat hie gâns mear jild opsmiten dan de fusy, fan 1988 oant no ta f 300.000,00 ekstra. Dy fûgel hawwe we dus oer it net fleane litten. It is in djoere les west. Wethâlder Nieuwdam seit dat der wol allegear rekkensommen makke wurde kinne oer wat al as net goedkeaper west wie. Ut de ünder- hannelingen komt in risseltaat wêrop in ôfwaging makke wurde moat. Dat jilde foar sawol de FRIGEM as de EGD. Der is doe konkludearre dat der wat it jild oanbelanget net mear yn sit. De opmerking fan mefrou De Vries oangeande de kearnenerzjy nimt hy mei. Yn it ûnderhannelingsakkoart stiet hiel düdlik dat de wurkgelegenheid yn De Gerdyk oerein bliuwt. Hy doart de stelling ek oan dat as we net yn'e fusy meigean ek net te sizzen is hoe't it mei de wurkgelegenheid oer 5 jier stiet. Hy doart ek wol de stelling oan dat de twa gasbedriuwen yn noardwest en súdeast Fryslân op den doer net op harsels bliuwe kinne. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. De fractie van de F.N.P. wordt geacht te hebben tegengestemd. 2Voorstel tot het niet goedkeuren van de concept-begroting 1993 van het Openbaar Lichaam Afvalverwijdering Friesland. Mefrou Veldstra seit dat neffens har betinken begruttings altiten helder, ynsichtlik en düdlik wêze moatte. De begrutting fan it O.L.A.F. is net düdlik salang't wy net witte hoe't it mei de A.V.I. komt en mei de üntwikkeling fan'e kosten fan it ferwur- kjen fan it g.f.t.-ôffal. Sy freget har óf hoefier it eins is mei de ünderhannelings om it g.f.t.-óffal yn eigen gemeente te ferwurkjen. Sy tinkt dêrby oan it projekt yn Dearsum. It g.f.t.-óffal is hiel geskikt foar de produksje fan biogas. Der soe neffens har wol in proef dien wurde kinne. De motivaasje en de belutsenheid sil allinne mar grutter wurde as ek de ferwur- king tichter by de boargers stiet. Sy freget har óf oft it noch wol doel hat tsjin de konsept-begrutting te stimmen, komme we net te let. De hear S. Bouma hat deselde f ragen en opmerkingen as mefrou Veldstra. Hy freget noch hoe't it fierder moat as de begrutting ófstimd wurdt. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie ook vindt dat de be groting niet helder en duidelijk is. Vooral ook richting de bur gers kan zij niet vinden dat het O.L.A.F. zo'n goed beleid voert. De eventuele heropening van de A.V.I.het beleid ten aan zien van preventie en hergebruik zal zeer negatief worden. Mefrou De Vries seit dat har fraksje him oanslute kin by de foargeande sprekkers. Dat de tariven foar it g.f.t.-óffal safolle heger wurde hat in slim negatyf psychologysk effekt. Boppedat hat har fraksje ek noch hyltiten grutte beswieren tsjin it weriepenjen fan'e A.V.I. Njonken de beswieren dy't gearhingje mei de lokaasje fynt sy it ek om reden fan doelmjittigens net akseptabel. It giet om hiele hege ynvestearingskosten foar sa'n tydlike oplossing. Sy fynt dat der sa gau mooglik nei in struk- turele oplossing yn breder noardlik ferbân socht wurde moat. NOTJUNI/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1992 | | pagina 9